Weromsjen
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31


Weromsjen

Zon op Workum                                                              J.Hemkes 1986

As men in taast  yn it ferline docht, dan jout dat somtiden ek bylden mei in gouden rântsje. Ien fan dy moaie oantinkens is dy oan de etser Hemkes.

Foarôf efkes in byld út de tiid fan 1986 hinne. Yn dy snoarje wie de saneamde T.A.P.-regeling ôfrûn, d.w.s. de hân kaam op de knip en stipe om in fêste krêft foar it Warkums Erfskip te hawwen wie foarby.

Op it stuit dat ûnderskreaune foarsitter waard, wie it de Wrâldwinkel mei, dy't har aktiviteiten yn de waach hie. Koart dêrnei kaam op dit stee fan de Wrâldwinkel it V.V.V.-kantoar. Mei behelp fan frijwilligsters fan de V.V.V., koe it museum doe iepen bliuwe.

In hoart letter kaam finansjele stipe fan it administraasje sintrum út it Hearrenfean, sadat foar in part oer mankrêft beskikt wurde koe. Yn dit tiidrek fan twa jier kaam om de hoeke sjen: Sil Jopie Huisman mei syn skilderijen nei Warkum takomme of sille dizze nei in oar museum gean. It ien en oar joech foar it museum nochal wat omtinken mei. Ynearsten de gedachte wie om it Hendrick de Keyserpand  te ornearjen foar it Warkums Erfskip en tagelyk dêr by yn in museum fan it wurk fan Jopie Huisman. Sa as wy witte is dat oars beteard.

Mei dat it besikerstal oan Warkums Erfskip it ôfrûne jier om en de by 1200 wie, kin men tinke dat it skraal buorkjen wie om de holle boppe wetter te hâlden. De opset kaam om mei eksposysjes te begjinnen. Sa wie in Quilt-tentoanstelling yn de waach in grut súkses. Ek oare eksposysjes sa as bygelyks dy oer de fynsten út de Iselmarpolders koene der wêze, mei dy fan de beskildere blikken trommen, fan de keunstner Maris, hawwe bydroegen ta in grutter besikerstal.

Mei help fan de museumkonsulint Hans de Haan krigen wy ferskate útstallings nei de waach. Sa kaam ek de etser Hemkes nei Warkum.

Foardat it safier wie it neifolgjende:
Doe't ûnderskreaune hearde fan it kommen fan de etser nei Warkum ta, tocht er: “Ik ha al 26 jier ferlyn twa etsen fan dizze keunstner yn besit krigen. De iene ets mei útsicht fan de Galamadammen ôf oer de Moarre en de oare ets fan de Fluezen deun tsjin de dyk by Ealahuzen.” It wie dus regele dat Hemkes soe nei Warkum komme. Hawar, op dat stuit eksposearre hy yn de tsjerke fan Bears en in ôffeardiging fan it bestjoer nei Bears om neier yn `e kunde te kommen. Doe't wy Hemkes moeten wie hy 90 jier âld en it bliek dat hy ree wie om ek in ets út of fan Warkum te meitsjen. Dit lêste wie bedoeld foar mooglike ferkeap fan etsen sadat de kas fan Warkums Erfskip wat faker lûd jaan koe.
Op in dei waard de reis nei it wenplak fan de etser ûndernommen. Hy wenne yn in flat te Bilthoven. Dizze besite joech ús in ferskaat oan etsen te sjen. Ofpraat waard, dat op in dei Hemkes ophelle wurde soe foar it meitsjen fan in ets. Dy deis wie ik der njoggen oere en nei in kopke tee gie de reis werom nei Warkum. Yn it petear dat wy ûnderweis hienen, sei ik in kear “mynhear Hemkes”. Hy andere mei de fraach: “Binne jo in Fries?” It andert wie fansels: “Ja!” “No,” sei er doe: “dan is it wurd `mynhear' net fan tapassing.” Sa sein, sa dien.
Dy deis, it wie net al te sinnich waar, waard mei bestjoerslid Rinse van der Veen in tocht troch Warkum makke. In gaadlik plak foar in ets wie yn earste ynstânsje net te finen. Nei in miel iten oan de Aldewei giene wy dy middeis tegearre lâns de seedyk en wûnderlik der waard stilstien op it plak, wêrwei lang ferlyn troch in oare keunstner in sicht op Warkum makke wie. “Stopje hjir ris” sei Hemkes. It klapstuoltsje waard útset. Sels gie ik in eintsje fierder mei de auto en doe seach ik, wylst it sketsboek op de knibbels lein waard, dat dernei de holle no en dan omheech gie en ûnderwilens streekjes op papier set waard. Nei in skoftke sei Hemkes: “Ik sjoch it net goed mear.” Ik tocht, de man is âld en dan sil it kinne, dat it sjen minderet. “Och heden.”, sei ik: “Sjogge jo it net mear?” “Jawol,” sei er: “dochs de sinne is fuort en no binne de skaden weifallen. Lykwols ik meitsje der wol in ets fan.”  Sels tocht ik: “Ho, dit is net folslein.”  en sei doe: “Kinne jo nije wike nochris wer komme.” Dat waar oerienkaam.
It betearde oars, benammen it soe kommende wike wurde dochs reinige dagen wiene op komst bliek letter. Allinnich de kommende sneon wie in droege en sinnige dei.  Freedtejûns skille ik nei Bilthoven en frege Hemkes of ik de oare moarns him ophelje koe om in sinniger ets meitsje te wollen. Dat gie oan en dy deis sette de etser him op it earder plak wer del.  Sadwaande krigen wy twa etsen foar de eksposysje fan sicht op Warkum  en foar de ferkeap fansels.
It ien mei it oar makke, dat ik dy wyks sa'n 1300 km ôflein ha foar de beide etsen. It waard mei nocht dien.
De iepening fan de útstalling gie doe offisjeel fan it gemeentekantoar út. Hemkes hat mei in busfol flatgenoaten út Bilthoven de eksposysje besocht. Yn de Wynberch traktearre hy op kofje mei oranjekoeke. It gouden rântsje fan dy deis waard lykwols bestreake mei wat slachrjemme fan de oranjekoeke. Myn gloednij jaske krige de geunst en dat kaam doe't de mouwe fan de betsjinster tsjin de knopstoel heakjen bleau. Myn frou dy't letter yn de Wynberch kaam seach, dat ik oars fan hûs gien wie en hja sei: “Hast dy ferklaaid?” Dat wie sa.
Alles is lykwols wer yn it rjochte breide. Yn dat jier koenen neiernôch 10.000 besikers wolkom hjitten wurde.

Der is gâns feroare nei dy tiid. Eartiids wie de waach sa fol, dat tydlik it plak ûnder de grutte toer as opslach brûkt waard.
It is hjoed-de-dei in museum dêr't skientme fan útstrielt en wy wiis mei wêze meie en respekt hawwe foar de ynset fan it hjoeddeiske bestjoer en de behearder.

Warkum, Oktober 2001.             F. Kooistra (1921-2008)