Warkum ±1860
Merk 4
8711 CL Workum
tel. 0515 - 54 12 31



Twa foto's fan de Wimerts op it Súd mei de toer fan de Sint Gertrudistsjerke. Oer de Wimerts leit de Hynstebrêge.

It wie in brede brêge dêr't se, yn tsjinstelling mei de measte oare brechjes, mei hynder en wein oerhinne ride koene. Omdat hy skean lei hoechden se mei it reau gjin skerpe bocht te meitsjen. Hy moat ± 1645 makke wêze. Yn dat jier is skreaun: "de nieuwe brugge, ten verzoeke van de gebuiren eens voer all bij den stad getimmert, dien men noemt den dwarsbrugge". Letter hiene se it oer de Hynstebrêge (Paardebrug, Peerdebrug). (Fryske Plaknammen XV, 1969, Warkumer Toponymen, W.T. Beetstra).

De Wimerts op de Merk. Yn 'e midden op de foto ien fan de âldste gebouwen fan Warkum. Der sit sels noch in byldsje op fan de apostel Petrus, dy't der foar de Reformaasje al sitten hawwe moat. It sit tusken de twa rjochter ruten boppe.

Foaroan sjogge jo de fiskwaach en lofts derfan it dûanehokje dêr't de amtner de belesting oer it wage guod barde.

Op foto hjirûnder is mear te sjen fan de foto. Rjochts is noch te sjen dat der yn de waach oan de Wimertskant in yngong wie. De foto is eigendom fan de fam. P.H. Gaastra te Warkum.
De Wimerts op de Merk mei de Sociëteit Harmonie ±1860. It hiet earst herberch 's Lands Welvaren (1764), mar nei 1828 Sociëteit Harmonie. Foaroan stiet it dûanehokje, dêr't de amtner de belesting oer it wage guod ynbarre.
De Wimerts op it Noard te Warkum ±1860. Fan de Merk ôf sjoen. Rjochts stiet hjoeddedei de apteek. Oan de ein fan strjitte stiet fan 1877 ôf de toer fan de Roomske tsjerke. Neffens in kaart út 1649 wiene der foarhinne wol 18 brêgen en brechjes oer de Wimerts.

Nochris it Súd mei de Hynstebrêge, mar no is fan de twa foto's ien makke.