Kristiansand - Workum
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31







Kolbjørn Andersen
Breimyrkollen 18
4628 Kristiansand
NORWAY
e-mail: kolbj-a@c2i.net
Kolbjørn Andersen út Kristiaansand is in 46 jierrige skoalmaster oan de Samfundets skole (mei learlingen fan 6 oant 15 jier), dy't tige ynteressearre is yn de histoarje. Hy is op it stuit dwaande mei in (fiktyf) histoarysk ferhaal, dat him ôfspilet yn de tiid krekt foar en tidens de stifting fan de stêd Kristiaansand (1600-1640).

Tidens syn ûndersyk kaam er yn de âlde boeken faak de namme fan Warkum tsjin. Om mear oer Warkum te witten te kommen seach er op ynternet en fûn de thússide fan Warkums Erfskip. Hy frege oft wy him wat fertelle koene oer de skipfeart op Kristiaansand. Dat koene wy him spitigernôch sa ientwa-trije net fertelle. Tidens it eameljen die bliken, dat Andersen ús mear fertelle koe, as wy him. Sadwaande hawwe wy him frege, oft er wat oer dy skipfeart tusken Kristiaansand en Warkum fertelle woe. Hjir is dan it resultaat: de earste bydrage fan út it bûtelân....

Gerrit Twynstra