Liet fan de âld-Warkumers
tekst Feitze de Vries
wize: it Heitelân
Wy âld-Warkumers wy binne
Wer in dei-twa-trije thús.
Thús hjir yn ús âlde stedtsje
Dat is wier in feest foar ús
Alles is ús noch sa eigen,
Omdat hjir ús widze stie;
Of om 't wy hjir skoalle rounen,
Of ienkear ús wenplak wie.
Hwer 't wy troch de tiid ek swâlken;
Hwer wy ek ús wenplak ha;
't Hert dat lûkt ús manich kearen
Noch nei 't âlde Warkum ta;
En wy dwale yn gedachten
Faek noch nei it Súd of 't Noard;
En d' âlde herinneringen
Stoarmje op ús ta by 't soad.
Lit it in tradysje bliuwe
Dat wy ienkear yn it jier
Hjir yn Warkum by'noar komme
Fan tichtby, mar ek fan fier.
Derby dit foar eagen hâlde;
Hjir bestiet gjin rang of stân.
't Feit dat wy âld-Wark'mers binne,
Is foar ús de freonskipsbân.
Hwat yn Warkum ek foroaret;
Hwat der troch de tiid fordwynt;
't Is en bliuwt foar ús it plakje
Hwat ús jimmeroan noch bynt.
En dat is alhiel gjin wûnder
Hwant foar ús is 't wier en wis:
,,Dat der op de hiele ierde
Ommers mar ien Warkum is.'' |
Warkumer folksliet
Wy libje frij, wy libje blij
Op Warkums frij groun.
Hjir it' w' ús altyd tige sêd
Hjir gean wy jouns omskik nei bêd
Mar moarns den binn' w' er ek wer rêd
Hwant sjuch dat is gesoun.
Wy libje frij, wy libje blij
Op Warkums frije groun.
De boeren ha hjir 'n bulte kij
En dikke fammen ha s' er bij
Die binne poer om frijerij
Ljeafst eltse Sneintojoun.
Wy libje frij, wy libje blij
Op Warkums frije groun.
De fammen bin hjir knap fan lea
Har mûltsjes binn' moai roun en rea
In feint forfeelt him derby nea
Elts hat it ûnderfoun.
Wy libje frij, wy libje blij
Op Warkums frije groun.
Hjir bin de feintsjes blier en gol
Om moaije famkes bin se dol
En slach fan frijen ha se wol
Har rom giet fier yn 't roun.
Wy libje frij, wy libje blij
Op Warkums frije groun
Gjin mins forfeelde him hjir dea
Hjir bin de bernewangen rea
Hjir heart de stút en roggebrea
Goed gear, dat is sa soun.
Wy libje frij, wy libje blij
Op Warkums frije groun.
Hjir asemt alles roun en frij
Hjir wit men fan gjin flaeierij
En troch gemiene skurkerij
Wirdt op ús groun net foun. |
Ofskieds-liet
tekst Feitze de Vries
wize: it Heitelân
 |
Wy moatte no ôfskie nimme, |
 |
De lêste oer hat al slein. |
 |
Want oan dizze trije dagen |
 |
Komt fansels ek wer in ein. |
 |
't Hat ús goed dien hjir to wêzen, |
 |
Hiene 't hjir sa bêst nei 't sin. |
 |
Mar as wy yn Warkum binne } 2x |
 |
Ha' wy altyd tiid to min } |
 |
Bliid en tankber en tefreden |
 |
Gean wy no op hûs wer oan. |
 |
En wy kinne net oars sizze |
 |
It foldie ús hjir wer skoan. |
 |
De freonskips-bân is wer forstev'ge, |
 |
Wien' hjir wer mei-elkoar ien. |
 |
Mei dat jierren lang sa bliuwe, } 2x |
 |
Is de winsk fan elkenien. } |
 |
Ofskie nimme is net maklik |
 |
't Falt altyd opnij wat swier |
 |
Wis, wy sizz' wol tsjin elkoar-ren. |
 |
"Nou oant sjen, it oar jier!" |
 |
Mar dat is en bliuwt in frage. |
 |
't Antwurd wit gjin ien fan ús |
 |
Derom: "Freonen 't allerbêste.} 2x |
 |
Goeie reis dan en wol thús!" } |
|
|