De aalaken fan Workum |
|
|
Un praatsy bij un plaatsy
de aalaken fan Workum
![]() Honderd jaar leden maakte un fotograaf dit plaatsy bij de slúús op t súdênd fan Workum. So op t ooch lykt t nòch al stil omme slúús heen; der is nyt feul bedrivechhyd súden je sêge. Tòch binn r un paar dingen dy t opfalle en ons nijskierech make. An e rechter kant fan t faarwater de Dolte lêge un paar Staverse jòlen en flak der achter siën we un aakje en un boatsy. Ut binne Workumer ansjofisfissers. Ja, want dit is un beeld út e ansjofistiid en t sal dan ok wel mei weest hewwe. Ut hearingfissen is al gebeurd. We kenne an e nummers op e boegen siën dat disse fissers de jòl opknapt hewwe òf r nòch met besech binne. Dat opknappen gebeurde meastal na un hearingteelt, dus foardat de ansjofisserij begon. Tiidens ut fissen en fansels ok deur t soute water waren de fisserijnummers faak nyt mear te herkennen. Ut nummer op e boech fan e foarste jòl is frijseker WK 33. In ut Register voor Vissersvaartuigen fan 1908 wurdt dit nummer nyt mear fermeld, sodoënde kon ik de eigenaar fan disse jòl nyt mear fine. Achter de 33 leidt de WK 24 en disse jòl stond op naam fan Jakle IJsselstein met de naam Stad Workum. Skoanheit Jan Atzes de Groat (1912-1988), skipper op e klipper De Drie Gebroeders en Workumer fan òfkomst, fertêlde fan disse kaart ut fòlgende: Hjir links foroan leit in flinke tsjalk. For de tsjalk lizze twa ielaken. Ik tink dat de butenste aak noch net sa lang binnen is, do kenst efter bij t roer dúdlik de roerkettingen hingjen sjen. It aakfolk is ik noch oan dek en se hewwe de fok úthingjen te droegjen. Dat lochte gebou der ruchts is it Sagofabryk fan Jansen en Lohman. Bij t begin fan e Dolte wie in werf dyt kusters boude. t Wie in belevenis as san kuster te wetter litten waar. De meensken dyt oan e oare kant fan e Dolte stoengen te sjen moesten dan for t hege wetter op e hikke klimme. Over de aalhandel fanút Heech en Workum op Engeland is deur de jaren heen nòch al ut iën en ander skreven. En wat my dan opfalt bij al dy públikasys dat r nyt feul òf soms helendal gin fotomateriaal út Workum bij sit. Nou is t fansels wel so dat de Workumer aalhandel nyt so lang bestaan het as dy fan út Heech en e Gasmer. Soas bekend wurdde de Workumer aalhandel in 1907 overnomen deur de firma Lankhorst in Heech. Mar so rond 1900 binn r tòch nòch wel un stuk òf fier, fijf aken dy t Workum as thúshaven hadden. De pakes fan myn frouw, Ruurdtje E. de Groat, pake Atze en overpake Auke de Groat waren aakskippers út Workum en foeren op e aken Maria, Herstelling en Mentor. De laaste reis dy t pake Atze de Groat maakte met de Mentor foar Jan Haagsma, de eigenaar fan toen, war op 5 febrewary 1907. Se binne toen over Staveren nar búten gaan mar moesten frijseker fanwege de wearsomstandechheden (iisgang) wear werom kere. Dry weken later, op 27 febrewaris setten se koers nar Engeland met son feartiëndúzend pond aal in e bunnen en op 3 april 1907 waren se werom. In e wintermaanden bròcht de aal t meast op en kwamen se faker thús met un foardelege opbringst. Anders war dit in e seumermaanden dy faak un tekòrt opleverden. Disse laaste reis hewwe se de aal goëd ferkòcht, want se hylden rúm seuvenenfyftechhonderd gulden over. Nou mut hier wel bij fertêld wurde dat naast dy feartiëndúzend pond út e aak ok nòch un hoefeulhyd aal met e boat út Holland overstúúrd en ok ferkòcht war. De Mentor het der toen in Engeland ok un dikke maand leid om dy aal an e man te bringen. Mar dy laaste reis het tòch nòch best de moeite weardech weest. Nou fraach ik my ôf, der salle tòch út dy tiid best nòch wel un stuk òf wat fotos fan dy aken in Workum omsweve? Jannewary, 2004. Jan A.Visser, Staveren. Bronnen: Haagsma archief (Scheepvaartmuseum Sneek); journaal Mentor (1907) familie de Groot. |