In memoriam Willem D. Hengst 1942-2014 |
Merk 4
8711 CL Workum
tel. 0515 - 54 12 31
|
![]() |
in memoriam
Willem D. Hengst
1942 - 2014
|
|
Gerrit Twynstra
|
|
![]()
Willem Hengst mei syn boek "De Heidenskipster molen fan eartiids" (2003)
Op 3 maaie 1942 wurdt Willem berne as soan fan Doekele Hengst en Engel Hielkema yn de dûbele arbeiderswente fan syn pake-en-dy. Ticht by ien fan de twa Sint Ursela-pleatsen, dêr't er letter mei heit en mem en syn susters hinne ferfarre sil en syn fierdere libben, op in pear jier nei, wenjen bliuwe sil. Nei de legere skoalle yn it Heidenskip, giet er earst nei it Lyceum yn Snits, mar dan moat er fan skoalle ôf at syn heit it wurk net mear dwaan kin. Willem moat oan it wurk. Hy hie leaver trochleard en kin it troch syn astma it boerewurk eins net iens dwaan. Doch giet er der mei troch. Al giet it gauris op syn eigen manier. Willem hat eins hiele oare ynteresses. Polityk, fuotbal, muzyk en histoarje. Op it stee dêr't er wennet is it ien en al histoarje. Yn de keamer hinget in moaie tekening fan it Sint Ursulakleaster, dat der neffens dy tekening yn 1389 boud is. Syn oer-oerpake komt al yn 1881 op de âlde Sint Ursulapleats, dy't in pear jier letter ôfbrutsen wurdt, te wenjen en ferfart yn 1884 nei ien fan de twa identike nije pleatsen. Al de âlde ferhalen dy't Willem op de pleats heard slacht er op yn syn ûnthâld. Letter sil er se opskriuwe foar de Heidenskipster doarpskrant De Buurtsboade ûnder te titel "De verstrengelingen van de families Hylkema, Smits en Haitsma in It Heidenskip" (2004). Omdat er de lêste is dy't dizze ferhalen fertelle kin, eindiget er syn ferhaal mei: "En ik ben alleen overgebleven om u deze dingen aan te zeggen!" Hylke Speerstra hat ien fan de famyljeferhalen optekene yn syn boek "De Oerpolder" (2006). Nammentlik it ferhaal oer Dutsje Hijlkema-Abma, dy't op de pleats troch in dokter út Snits op de keukentafel mei in wyt lekken dêroer operearre wurdt oan in búkfliesûntstekking, mar de operaasje net oerlibbet. Net allinnich de histoarje om it hûs hinne hat syn ynteresse. Willem is ek in leafhawwer fan âlde molen. Hy hoecht mar in âlde foto fan in mole te sjen of hy wit wêr't er stie. Alles wat er oer de histoarje fan de Heidenskipster molen te witten komme kin skriuwt er op. Earst publisearret er it yn de Heidenskipster doarpskrante en yn 2003 bringt er op eigen kosten in mânsk boek út "De Heidenskipster molen fan eartiids". Hy hie al wat ûnderfining mei it útjaan fan in boek. Yn 1995 hat er tegearre mei Jan Bergstra fan Snits it boek "De windmotor als poldergemaal" skreaun. Fan Warkum en It Heidenskip hat er in hiele grutte kolleksje ansichtkaarten en foto's opgarre. Om wis te wêzen, dat de kolleksje foar de takomst bewarre bliuwt, hat er it oan Warkums Erfskip skonken ûnder it betinkst, dat neat, mar dan ek neat dêrfan ferkocht of fuortsmiten wurde mei. Elk jier wurdt troch Warkums Erfskip by Willem de Warkumer Wikekalinder brocht. Faak skillet er al in skoftke foar dy tiid op, want hy wol de kalinder sa gau mooglik hawwe. It kin ommers elk momint gebeurd wêze mei him. En dat sil er wol 10 jier lang dwaan. Willem Hengst is ek in grut muzykleafhawwer. In hoartsje is er lid fan Laus Deo, wat er prachtich fynt. Fan oargelmuzyk is er ek in grut leafhawwer. Der wurdt sein, dat er sûnder it te sjen sa sizze kin hokker oargel er op de radio heart. As der yn 2004 yn de Sint Gertrudistsjerke it Künkeloargel yn it koar komme kin en der jild komme moat, stiet Willem foaroan om it flinke bydrage te leverjen. In hiel oar oargel is it draaioargel "Die Stadt Worckum", dêr't Willem Hengst ek in moaie finansjele bydrage oan levere hat. Hy kin der och sa fan genietsje at it draaioargel ûnferwachte by him foar de glêzen stiet te spyljen. Op 4 oktober is er ferstoarn. De Heidenskipster mole "De Snip" stiet op de dei fan syn begraffenis yn de roustân. Yn it koar fan de Sint Gertrudis Tsjerke fan Warkum wurdt it Künkeloargel bespile troch Aalt Landman en fansels letter ek it grutte Jan Harmens-oargel, dêr't Willem altiten och sa oer beare koe. Op fersyk fan Willem liedt ds. J.D.Th. Wassenaar, dêr't Willem altiten kontakt mei holden hat, de tsjinst. Op it tsjerkhôf bart mei de begraffenis wat besûnders. Dêr stiet it draaioargel "Die Stadt Worckum", om syn fleurige muzyk hearre te litten as in oade oan Willem Hengst. Faaks hat Willem it libben nei de dea as in grut feest besjoen...
lês ek it In Memoriam yn Ons Kerkblad
![]()
De Heidenskipster mole De Snip yn de roustân op de dei fan Willem Hengst syn begraffenis.
|