In âlde Warkumer herberch

Merk 4
8711 CL Workum
tel. 0515 - 54 12 31








In âlde Warkumer herberch
W.T. Beetstra
skreaun foar It Beaken
1971

De Zwaan en de Workumer Peerdestal
fotokolleksje: Warkums Erfskip

Yn `De Stêd Warkum' (1) hat boargemaster B. van Haersma Buma (dy't ik fierder as Buma oantsjutte sil) in treflik artikel skreaun ûnder de titel `Geloof, gezag, gelag, drie projecties in steen'. Hy jout yn dat artikel in beskriuwing fan de grutte tsjerke (mei toer), it stedhûs en in âlde Herberch yn Warkum. Ek de (bou)skiednis fan dy trije `monuminten' krijt tige it omtinken. Oer ien fan dy trije, te witten de herberch op Nellemoershoek, dy't nei de restauraasje yn 1964 ien fan de pronkstikjes fan de stêd wurden is, soe ik graach noch ien en oar sizze wolle. Argyfûndersyk hat al hiel wat gegevens út de 17e iuw opsmiten dy't oant no ta net bekend wiene.(2) Likegoed bliuwe der ek no noch fragen bestean dêr't gjin definityf antwurd op te jaan is.

Oer it plak fan de herberch seit Buma dat er stiet oan 'e uterste noardkant fan de stêd, oan it Dwarsnoard `vroeger Noorderhaven geheten'. Dat lêste hie better benefter bliuwe kinnen, want de tsjintwurdige namme, Dwarsnoard, is folle âlder as Noarderhaven.

Komt de earste namme al sûnt ± 1750 foar (3), de namme Noarderhaven wurdt pas brûkt nei it tichtsmiten fan de Wymerts op it Súd en it Noard (± 1875). It part fan de Wymerts dat fan it Noard fia it Dwarsnoard nei de Dolte rint, bliuwt oant de tweintiger jierren fan de 20ste iuw noch bestean en makket dan de yndruk fan in haven. Nei it drûchlizzen fan ek dat lêste stik fan de Wymerts ferdwynt teffens de namme `Noarderhaven'. It binne trouwens gjin lyksoartige nammen. De iene slacht op it gehiel (Dwarsnoard), wylst de oare allinnich op it wetter betrekking hat (Noarderhaven). Âldere nammen binne û.o. Noarderein en Fonne-ein.(4)



Nei dizze rjochtsetting kom ik no ta de herberch op Nellemoershoek.

De âldste gegevens dêr't wy op it eagenblik oer beskikke, gean werom nei it jier 1630. Yn dat jier keapje Merck Hylckes en syn wiif Frouck Ate dochter - beide hawwe it Warkumer boargerrjocht -

`een huis ende stede mitsgaders het achterhuis soo olt als nieu ende den kay bij westen, het huis staende ende leggende binnen Worcum op Nellemoershoeck opt noordend, hebbend de Wymmerts ten Oosten ende Lolcke Meynses ten Westen naest gehúset ende gelandet, streckende voor van de Wymmerts op ende wt tot achter in de delfte........'(5)

Hja keapje ien en oar foar 1527 ½ goudgûne fan Isbrandt Jans `medeborger alhier'.

Dit stik set ús fuortdaliks al foar inkele swierrichheden. It is, tinkt my, wol dúdlik dat de wynstreken de opsteller fan dizze proklamaasje parten spile hawwe. De Wymerts rûn ntl. net oan de eastkant fan it hûs lâns mar oan de súdkant (eins súdwestkant). Út oare stikken docht ek wol bliken dat Lolcke Meynses oan de noardkant wenne hat, ntl. yn it hjir neamde efterhûs. Dêr wie ek in ferbreding fan de Dolte, fan dat stee ôf nei it noarden ta ek wol Hollemar neamd. De `kay' sil dan wol tusken it efterhûs en it derefter rinnende wetter rûn hawwe. Dat dat hûs in herberch wie, wurdt net yn dat stik sein. De namme `herberch' wurdt trouwens yn dy tiid - foarsafier my bekend - komselden foar soksoarte húskes-fan-hâldoan yn de argiven fan Warkum brûkt. Wol komme wy de term `Herbergier' tsjin. Wat dat oangiet krije wy foar it earst yn 1637 wissichheid dat it hûs op Nellemoershoek een herberch wie as it giet oer it beteljen fan boargerrjochten troch ien of oare Sije Rommerts `herbergier op Nellemoershoek'.(6) Dochs binne der ek foar 1637 wol oanwizingen dat it hûs dêr't it hjir om giet, mei it kasteleinsbedriuw te meitsjen hie, alteast as wy sjogge nei twa persoanen dy't yn boppesteande proklamaasje neamd wurde. Sa hawwe Merck Hylckes en syn wiif yn 1629 ferklearre dat se oan Douwe Wybes `burger ende biersteker binnen Worcum' 300 caroligûne skuldich wiene foar levere bier. Hja hoege dat lykwols net daliks te beteljen en likemin sil der rinte foar rekkene wurde `Soo lange wy met malcanderen mengen, mits dat wy beloven voortaen al sulcke bieren van hem te halen als wy sullen connen sluiten ende in onze neringe uyt tappen ende vercopen'.

Dy ferklearring is pas yn 1631 registrearre.(7) Ek Isbrandt Jans, de man dy't it hûs oan Merck ferkocht hat, blykt kastelein te wêzen as hy yn 1631 hûndert gûne lient.(8) Oft Merck Hylckes sels ek op Nellemoershoek wenne hat is ûnwis. De boarnen út dy tiid binne faak fragmintarysk. Wol stiet fêst dat yn 1633 syn hûs bewenne wurdt troch in oarenien, ntl. in Sjoerd Jolles, wylst Lolcke Meynses der dan noch efter wennet.(9) Yn datselde jier 1633 en ek it oare jiers bart der lykwols hiel wat. Merck Hylckes komt te ferstjerren en syn widdo komt troch wenteruil yn it besit fan - en te wenjen yn - in hûs fan Lolcke Meynses yn it `Kleaster' op de hoeke by de Beginebrêge. Lolcke Meynses wurdt no dus eigener fan it hoekhûs op Nellemoershoek.(10) Hysels wennet der dan (1634) noch efter en it hoekhûs stiet (tydlik) leech.(11)
De dea fan Merck Hylckes hat trouwens noch in aaklige neisleep. It docht frij gau bliken dat de skulden sa grut binne dat it guod fan de widdo ferkocht wurde moat, wêrby't Isbrandt Jans ien fan de `preferente' krediteuren is.(12) Isbrandt Jans(en) kriget sels noch jild werom foar (útsketten?) kosten fan Merck Hylckes' deakiste `uitgeleide, rechtsoncosten ende advocatssalaris'.(13)
Lang hat Lolcke Meynses net eigener fan it hûs op Nellemoershoek west; hy wie der faaks ek mear mei as om ferlegen, no't er dochs wer op 'e nij eigener fan it hûs yn it `Kleaster' wurden wie.(14) It binne Joannes Isbrandts (frij wis in soan fan de hjirfoar neamde Isbrandt) en syn wiif Jeltie Siouwe dochter dy't yn 1635 fan Lolcke Meynses keapje:

`een huisstede staende ende leggende binnen Worckum opt noordeind op Nellemoershoeck sijnde `t eerste hoeckhuis, hebbende Sipcke Pieters ten westen ende de holmeer ten oosten, streckende voor van de Wymerts recht op ende uyt tot aen de achterhuisinge toe, met de ledige plaetse ende de wallinge aen de oostsijde.'(15)

Lolcke Meynses, dy't it efterhûs dat er sels bewenne yn eigendom hold, barde foar it grutte hoekhûs 1100 goudgûne.

Ek dy nije eigeners ferkeapje trije jier letter, yn 1638, de herberch al wer, no oan in bierbrouwer út Haarlim, Jacob Bon. Hy telt 1350 caroligûne del foar de herberch:

`streckende voor van de Dolte tot achter aen de deurgangh ofte bruijckwar fan Lolcke Meynses......'(16)

As men no wit dat de Wymerts en de Dolte yn elkoar oergean, lykas ek de Dolte en de Hollemar (sjoch de situaasjetekening), dan kloppet de omskriuwing wol aardich mei dy yn de foarige proklamaasjes.


Ûnder de `deurgangh ofte bruyckwar' sille wy wol ferstean moatte de trochgong of romte tusken it efterhúske en de herberch (in bruyckwar is faeks it rjocht fan it gebrûk fan dy trochgong).

Lolcke Meynses kaam noch datselde jier te ferstjerren yn syn wente by it `Kleaster', wylst syn efterhúske (`camer opt Noord') bewenne waard troch Douwe Jans.(17) Syn erven ferkeapje it oare jiers (1639) syn `Huysstede' op Nellemoershoek:

`achter het groot vrij huys streckende met d'oostsijde op d'Doltewal ende aen de noordsijde Sipcke Dolle waert ten naesten, by Douwe Jans Hauckes gebruyckt.'(18)
Dat alles bart `by `t uytgaen van de brandende keerse'. Pytter Wybes is de keaper wurden foar 145 goudgûne.

Dy proklamaasje mei wol in taljochting by want hy is net op alle punten like dúdlik. It `groot vrij huis' moat de herberch wêze en de omskriuwing kloppet wol aardich mei it kaartmateriaal út dy tiid, sa as de plattegrûnen fan Geilkercken (1616) en Blaeu (1649). It hoekhûs is dêrop yndied folle langer tekene as de oare huzen op dy rigele. Dat der oan de noardkant noch in húske stean soe dêr't ien of oare Sipcke yn wenne, is frijwol net mooglik. Soe dan `noordsijde' in fersin wêze en `suydsijde' bedoeld wêze? Miskien, mar ik leau dat wy it ek lêze kinne mei in komma efter `noordsijde' sadat der dan stiet dat de Dolte ek oan de noardkant fan it efterhúske rint. Dat kloppet mei de proklamaasje út 1630 (sjoch hjirfoar) en mei de âlde kaarten. Sipcke Dolle soe dan de kastelein (`waert') wêze dy't yn de herberch wennet. De tafoeging `Hauckes' oan Douwe Jans is wat nuver. Soe it hjir as in `fan' bedoeld wêze?

Wy skriuwe it jier 1645 as de herberch al wer ferkocht wurdt. Hy giet no wer oer yn hannen fan in Warkumer, ntl. Piecke Douwes Potma, in `biersteecker' dy't mei syn wiif Jouwerke Tiaerds Epema it spul (dat ek no noch oan de `bruyckwar' tarint) foar 925 goudgûne keapje.19 Hy is dus gâns foardieliger út as syn foargonger, mar de herberch is faaks - trije jier foar de oanlis fan de trekwei nei Boalsert - ek nedich oan fernijing ta. Dat dy fernijing of ferbouwing krekt yn 1649 pleats hân hat, sa as Buma skriuwt (`de Zwaan zoals die in 1649 gebouwd werd'), dêrfan ûntbrekt it bewiis. Wy kinne op syn heechst sizze dat út de gevelfragminten opmakke wurde kin dat dy ferbouwing - Buma seit efkes fierder mei rjocht dat de herberch op in âldere kearn werom giet - sawat yn 'e midden fan de 17e iuw syn beslach krigen hat. Wis is allinnich dat de `Peerdestal' der yn 1649 oan 'e noardkant tsjinoan boud is. Dêr hat de stêd foar soarge. Dêrfandinne hat de `Peerdestal' ek altyd stedseigendom west, dêr't de man dy't op 'e hynders fan it trekskip passe moast, fergees yn wenje mocht.(20) De herberch op Nellemoershoek hat lykwols altyd partikulier eigendom west. It is dan ek net korrekt om hjir fan Stedsherberch te sprekken, lykas Buma docht (de term stedsherberch waard allinnich brûkt foar de beide herbergen dy't de stêd yn eigendom hie, ntl. dy ûnder it stedhûs en by de slús).

De herberch hat oant 1692 ta it eigendom fan de famylje Potma west. De Potma's sels hawwe der frij wis noait wenne (de lêste Potma, Theodorus, wie notaris). Wol binne ús út dy tiid de nammen fan ferskate bewenners bekend.(21) Dat wie suver in kommen en gean oant der yn 1681 in Claes Jans (letter ek wol Claes Jans Cuyper neamd) yn wennet. Hy en syn wiif Tryntie Bastiaans keapje yn 1692 de herberch:

`streckende voor van het water tot aen de stadspaardestalscamer recht op en wt hebbende de Ooster Dolte ende de gemeente gangh nae de Treckwegh ten Oosten ende de leedige opgangh ten westen........(22)

It hûs oan 'e westkant wie faaks ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it (restaurearre) hûs dat der no noch stiet. De herberch brocht no mar 225 goudgûne op.

1942
fotokolleksje: Stifting Stedsherstel Warkum

It fierdere bestean fan de herberch kin ik no koart oer wêze. Yn 1744 - it jiertal dat yn de gevel stiet - is de herberch wer oan fernijing ta. Gjin wûnder dat, as de herberch yn 1752 oan Pytter Gosses (23) ferkocht wurdt, der hiel wat mear jild foar op it kleed komme moat, ntl. in bedrach fan 1400 goudgûne!(24) Yn dy keapakte wurdt foar it earst de namme `de Witte Swaan' brûkt foar dizze âlde herberch. Dêrfoar liket er gjin eigen namme hân te hawwen. Wol lêze wy yn it `Reysboek' (1689) dat der yn Warkum in herberch west hat dy't `De Veerschuyt' hjitte, mar ik bin dy namme oars noait tsjinkommen en twivelje wol slim oan de betrouberens fan dat `Reysboek'.

Mei sin haw ik oant no ta noait de namme `De Zwaan' brûkt as ik it oer de herberch op Nellemoershoek hie. Dat hat syn goede reden: der hat ntl. noch in herberch yn Warkum west dy't `de (Witte) Swaan' hjitte. No soe it wol nuver wêze as men yn in stedsje as Warkum op in stuit twa herbergen fan gelikense nammen hie. Dat wie dan ek net sa. Wol hat der foar 1730 in herberch `De Witte Zwaan' op 'e Merk stien, op 'e hoeke fan de Begine.(25) Inkele jierren letter wurdt der yn dat hûs gjin herberch mear holden. De namme is dêrnei oergien op dy op Nellemoershoek. In relaasje tusken de eigeners en/of bewenners fan beide herbergen blykt lykwols net. (Dat wie wol it gefal mei de lêste kastelein út 'e herberch op it Dwarsnoard, E. Kolk, dy't yn 1951 nei de Merk ferhuze is en dêr doe in nije `Zwaan' iepene hat.)

Ljouwerter Krante 25-02-1831

In tiidlang (1821-1831) hawwe de Swan en it hûs dernjonken (oan 'e westkant) deselde eigener-bewenner hân.(26) Oft der doe in ferbining tusken beide huzen bestien hat, is my net bekend.

De âlde Swan op it Dwarsnoard hat in histoarje fan iuwen efter him lizzen. Mei rjocht hat Buma in ûnderdiel fan syn artikel oan dy ferneamde herberch wijd. Myn artikel moat dan ek sjoen wurde as in oanfolling dêrop, benammen wat de 17e iuw oangiet.

úthingboerd fan "Café en Stalling" "De Zwaan"
kolleksje: Warkums Erfskip

List fan kasteleins - foarsafier nei te gean - fan de herberch op Nellemoershoek, gearstald út de `Huis- en woonregisters', `Kohieren betreffende de huisfloreen', `Kohieren betreffende belasting op de vuurhaardsteden ensafh.' en `Reëelcohieren':

1633 Sjoerd Jolles
1637 Sije Hommerts
1639 Sipke Dolle (?)
1650 Wybe Alles
1658 Gats Willems  
1661 Jan Jacobs
1665 Reynsck Ulckes
1672-1673 Aucke Sytties
1676 Oene Jelles
1681-1711 Claas Jans Kuyper
(1691-1699 syn wiif)
1713 Jan Claesses
1715-1720 de widdo fan Jan Clases
1721-1726 Bastiaen Clases
1728 Ype Jans
1730 de widdo fan Ype Jans
1735-1750 Klaas Jans
1751-1752 de widdo fan Klaas Jans
1752-1762 Leendert Doyties
1762 -1764 de widdo fan Leendert Doyties
1765-1773 Johannes Dinklenburg
1773-1780 Jacobus Fl. De Vries
1780-1785 Pieter Spoor
1786-1789 R. Stallinga
1789-1791 Baukje Sytjes
1791-1821 Jelle Martens (Hoekstra)
1821-1831 Evert Nauta
1831-1848 Harmen van der Zee
1848-1850 Jan Overmeer
1850-1858 Arnoldus Adema
1858-±1864 Hendrik van der Pal
±1867-±1874 Th. V.d. Wey
±1874-1880 Johannes Sonsma
1880-± 1925 Sjoerd van der Zee
±1925-1935 Murk Elgersma
1935-1942 B. Leeuwen
1942-1951 Egbert Kolk

Noaten:
1 Súdwesthoeke-rige nr. 4 fan de Fryske Akademy, útjûn by A.J. Osinga N.V. Boalsert 1967.
2 De âldste argivalyske boarne dy't Buma neamt is fan 1749.
3 B.g. Resolúsjeboek 17-4-1752 (Stedsargyf).
4 Proklamaasjeboek E.E.1.fol. 64 (1584): Noerdeyndt. Proklamaasjeboek E.E.4.fol. 21 (1634): Fonne eynd.
5 Proklamaasjeboek E.E.3.fol. 25 (1630).
6 Register van inwoners der stad Workum, 1637-1710 (stedsargyf: nr. 211).
7 Hypotheekboek P.P.8 fol. 16.
8 Hypotheekboek P.P.8 fol. 33.
9 Huis- en woonregister 1633 (st.arg. nr. 212)
10 Proklamaasjeboek E.E.4. fol. 143 (1635)
11 Huis- en woonregister 1634 (St.arg. nr. 212)
12 Inventarisatieboek W.2.fol. 167 (1633).
13 Consignatie- en preferentieboek Q.l.fol. 39 (1634)
14 Huis- en woonregister 1634 (St.arg. nr. 212)
15 Proklamaasjeboek E.E.4. fol. 143 (1635).
16 Proklamaasjeboek E.E.4. fol. 292 (1638).
17 Inventarisatieboek W.3. fol. 200 (1638).
18 Proklamaasjeboek E.E.4. fol. 311 (1639).
19 Proklamaasjeboek E.E.5. fol.131 (1645).
20 Reëelcohieren. Neffens de hûs- en wenregisters fan 1740-1742 hold de stâlhâlder Fedde Lowrens der 4 kij en 1 hynder op nei.
21 Huis- en woonregisters en Kohieren betreffende belasting op de vuurhaardsteden, zomede vuurhaardsteden-, lantaren- en brandspuitgelden. (Sjoch foar de nammen de bylage.)
22 `Proklamaasjeboek E.E.9. fol. 180a (1692).
23 Sûnt 1765 blykt Pytter Gosses neffens de Reëelcohieren de fan `Bruinsma' te hawwen. Dat hat Buma derta brocht te mienen dat wy hjir mei twa ferskillende persoanen te meitsjen hawwe, mar te'n ûnrjochte.
24 De tekst fan de proklamaasje (Proklamaasjeboek E.E.13 fol. 158, 1752), dy't ik foar it earst bekend makke haw yn de Warkumer krante `Friso' fan 10 oktober 1953, lit ik hjir folgje: `Jelle Sipkes Roos ende Hylke Hessels Molenaar, beide cooplieden te Workum, als geautoriseerde curatoren over Jan, Harmen, Ype en Antie Clases, presenteren aan de meest biedende bij de brandende keers daarna bij `t ligten des zegels uit den wasse en also bij decreet van het Edele Gerecht der steden Workum te verkopen: Sekere heerlijke en naast enige jaren Nieuw gebouwde huisinge c.a. waar in lange jaren Herberg met goed succes is gehouden en nog wordt gecontinueerd staande en gelegen op Nellemoershoek op 't Noordendt te Workum alwaar de Witte Swaan uithangt, strekkende voor van de Dolte tot agter aan de Stads Paardestal.......' De konklúzjes dy't Buma hjirút lûkt strike wol sawat mei dy't ik der doedestiids út lutsen haw, sij it dan dat hy in foarige herbou yn 1649 stelt wylst ik my der foarsichtiger oer útliet.
25 Informatieboek B.l. (1729).
26 Huis- en woonregister (St.arg. nr. 2221 - 2231).