 |
Ús heit (W.T. Beetstra, 1916-2007) hold nei syn pensjonearjen wolris in lêzing. By myn witten hie er dêrfoar twa ûnderwerpen útwurke: de kwaksalverij yn de Súdwesthoeke en de Fryske skipfeart yn de 18e iuw. De tekst oer de Fryske skipfeart haw ik net weromfûn, mar syn skreaune stik oer de kwaksalverij haw ik úttypt. Oan de styl is te sjen dat it om in tekst giet dyt útsprutsen wurdt en dus net om in stik foar in tydskrift of krante. Der stie gjin datum by, mar ik tink dat it sawat ein jierren 80 begjin jierren 90 fan de foarige iuw skreaun is. It heucht my noch dat ús heit mei in kassetterekorder nei minsken ta gie om har ferhalen op te nimmen. |
 |
 |
Nynke Beetstra |
 |
 |
Grou, febrewaris 2016 |
 |
 |
Kwaksalverij yn de Súdwesthoeke fan Fryslân |
 |
 |
Wêrom krekt yn de Súdwesthoeke? Dêr haw ik nammentlik 36 jier wenne en dêrfan 27 jier yn Warkum en 9 jier yn Aldemardum. Altyd haw ik in soad belangstelling foar de Súdwesthoeke hân, spesjaal ek foar syn skiednis en wat dêrmei mank is. Dêrûnder beflap ik ek it byleauwe en de kwaksalverij dyt beide soms ek wol meielkoar te meitsjen hawwe. Van Dale jout twa betsjuttingen fan it wurd kwaksalverij: 1e. Onbevoegd beoefenaar van de geneeskunst en 2e. û.o. een boerenbedrieger (...). Lit ús it mar op de earste betsjutting hâlde want ik leau net dat de kwaksalvers dêrt ik ynformaasje oer krigen haw, de minsken bewust oplichte woenen. |
 |
 |
Se binne der yn soarten. Ik sil it hawwe oer dyjinge dyt neffens syn sizzen syn foech ûntlient oan in boppenatuerlike of godlike macht, dêrnei oer guon dyt út ûnderfining of troch âlde resepte- of doktersboeken ta harren praktyk kommen binne en ik wol beslute mei in gefal fan kwaksalverij dêrt gjin kwaksalver oan te pas kaam. |
 |
 |
It giet yn myn ynlieding oer in oantal gefallen fan kwaksalverij dyt har ôfspile hawwe sa rûchwei yn de lêste 100 jier. Ik haw de ferhalen fan minsken dyt ik dêroer ûnderfrege haw, en dyt my dêroer wat fertelle koenen, hast allegearre op e bân opnommen en dat letter op papier útwurke. Ik lit dy minsken safolle mooglik sels oan t wurd en as dat nedich is yn har eigen dialekt. |
 |
 |
Wopke Bruinsma |
 |
 |
Wopke Foppes Bruinsma (*Warkum 1882 - +Warkum 1955) |
 |
 |
foto: fam. Huitema Warkum; boarne: Dit waren ook brijbekken (2002) |
 |
 |
Doet ik yn 1949 yn Warkum kaam, wenne dêr in âldere man, Wopke Bruinsma, dêrt fan sein waard dat er minsken dyt wat mankearren, faak mei striken yn e mande mei bidden genêze koe. Ik sis faak, mar net altyd. Sa koe hy syn beide dochters dyt net goed by de holle wienen se hienen wol yn Frjentsjer ûnder behanneling west net wer better meitsje. Dokter de Walle, ien fan de beide dokters destiids yn Warkum, sei dan wol: It liket stomme aardich at er in oar wol better meitsje kin en syn eigen bern net. Dat sei Wopke sels ek: Dêr ha k de macht net oer. Sa helle hy noch al ris resepten by de dokter, net foar himsels, mar foar syn dochters, en dy resepten krige ik dan yn de apteek. |
 |
 |
De buorkerij van Wopke Bruinsma yn maaie 1946 (Súd 37). |
 |
 |
De hjoeddeiske Stedspôle (foarhinne it Jonkerslân neamd) en |
 |
 |
stikken lân krekt oer spoar yn it Heidenskip hearden by de pleats |
 |
 |
foto Conens 1946; boarne: De Vries fan gaast en greide (1999) |
 |
 |
Wopke hie foarhinne boer west yn It Heidenskip, mar rinteniere no en wenne tichte by de roomske tsjerke (hy wie sels ek roomsk en hie om e hals altyd in kettinkje mei in krúske dat er neffens syn sizzen fia syn heit of pake fan e paus krigen hie). Yn it begjin haw ik eins gjin omtinken jûn oan Wopke syn aktiviteiten, mar gâns letter Wopke wie doe al stoarn waard ik dochs nijsgjirrich nei syn wurkwize en resultaten. My waard sein dat in sekere frou Ottema-Fekkes, in widdo dyt yn it roomske âldereinsintrum St. Gertrudis siet, my dêr wol wat oer fertelle koe. Sy wenne oarspronklik ek yn It Heidenskip. Sa kaam ik ris op in middei by har om myn ljocht oer Wopke op te stekken. |
 |
 |
it soeavenkrúske |
 |
 |
foto: fam. Huitema Warkum; boarne: Dit waren ook brijbekken (2002) |
 |
 |
It earste ferhaal dat se my yn 1965 die, gie oer in muoikesizzer fan har. Dat wie doe, yn 1932, in famke fan tolve jier dat ynienen in tsjokke knibbel krige. Dokter Hazevoet dyt doe yn Warkum wenne, waard derby helle en dy hat tige mei dy knibbel teset west, mar de knibbel bleau mar tsjok. Hy sei op t lêst: Ik kin jimme gjin help mear jaan en ik leau net dat it goed komt. Dêrnei kaam frou Ottema har broer (de heit fan dat famke) ris by syn suster en sei tsjin har: Do praatst noch wolris mei Wopke, soesto ris mei har nei Wopke wolle? No ja, dat woe se wol. It koe noait kwea. |
 |
 |
Doet frou Ottema in pear dagen letter mei dat famke by Wopke kaam, wie it earste dat Wopke sei: Och famke, hasto ek al in kwaal? (hy wie wat meilijdsum). No, wy sille gau sjen as wy it klear krije. Is der dan wol kâns op dat it klear komt? frege fou Ottema. Ja fansels, sei Wopke, it komt sekuer klear, hear! No gelokkich, wie har reaksje, want se fûn it freeslik, san jong famke en dan al san handicap. Hy siet doe by dat famke te bidden en striek har mei de iene hân wylst oer de knibbel en hold mei de oare hân it krúske fêst. Dêrnei moast frou Ottema noch ien kear mei dat famke by Wopke komme. No is se klear, sei Wopke. It famke, yn 1965 in frou fan 45 jier, hat der noait mear lêst fan hân. Medisinen joech er net. |
 |
 |
In oar gefal. Lytse Paulus Dijkstra syn frou wie slim siik. Ek sy besocht baat te finen by Wopke. Hy koe har net wer better meitsje ik tink dat se kanker hie mar hy koe har wol ferlichting jaan. Se moast hieltyd brake, mar de oare deis, neidat Wopke har behannele hie, sei Wopke: Ik haw hiel wat belibbe fannacht, want ik moast freeslik brake. Wat sij der oars útbrake moast dat braakte ik der fannacht út. De pasjint fielde dy nacht in hiele ferlichting en it braken gyng dy nacht oer. Ik sei tsjin Wopke doet er my dat fertelde, sa gie frou Ottema fierder, mar hoe is t yn godsnamme mooglik, ik nim myn petsje foar jo ôf. |
 |
 |
Ek frou Ottema sels hat ris mei in kwaal by Wopke west. Se hie it sa yn e rêch en tocht dat it isias wie. Se sei doe tsjin har man: Soest wol foar my nei Wopke gean wolle? Nee, sei er, do bist wol wizer. Mar hie die it dochs. Wopke kaam by my, mar hy sei: Dat is gjin isias mei jo. Boppedat, jo hawwe ek in soad lêst fan de holle. Ja, sei ik, dat haw ik ek. Dat giet al lang, hy wer. Ja, sei ik, dêr hawwe jo gelyk oan. Hy sei it sekuer, hear! Jo binne ek operearre oan de galstiennen. Dat hie net hoegd, hie mar by my kommen. Ja, mar doe wist ik fan jo noch neat ôf, ik haw der lêst genôch fan hân, dêr leit it him net oan. No moatte jo witte dat ik 40 jier lyn yndied oan de galstiennen operearre bin, dat ik sei: Hoe witte jo dat. Wopke: Dat wit ik, dat sjoch ik, mar jo hawwe dochs noch wolris lêst? Ja, inkeld wolris. No, hy seit: Dan moatte jo in doek dyt wiet makke is mei reinwetter op it liif lizze en dan moat dy der in wike op lizze en krij him der dan mar wer ôf, sille jo sjen hoe giel er is. It kaam wol sa út. Hy behannele my wylst mei striken en bidden en sei: No sil ik jo dit sizze, no hâlde jo earst fannacht ien oere de pine en dan sakket it ôf. |
 |
 |
No wy gyngen op bêd mar ik hie san pine, ik hie san lêst en ferdikke noch ta, ien oere, ik sei tsjin myn man: It sakket ôf. Ik moast op de W.C., dat wie bûten en dêr seach ik tsjinoan dat ik die it op e pot. Doe skrok ik de oare deis fan myn wetter, allegear grús. No, dát wie de pine. Letter kaam er wer. No, sei er, wat ha k sein? Ja, sei ik, it wie dik yn oarder. Der kamen sels wol minsken út Brabân by him ek kaam er wol yn it sikehûs yn Grins by minsken. |
 |
 |
Frou Ottema frege Wopke in kear hoet hy dy macht krigen hie. Hy andere: Dat doch ik troch it geloof. Hy hold dan altyd in krúske beet dat er mei in kettinkje om e hals hie. Hy behannele ek wol bisten. Dêr wie er mei begûn en sa kaam er noch al ris yn It Heidenskip. Ek yn Hylpen moast hy ris by in ko fan in lytse komelker komme. De ko hie in hiele tsjokke poat mei swollerij. De fee-arts hie de ko opjûn. Wopke wie noch mar in oere fuort of de swolm barste iepen, de rommel kaam derút en de ko wie wer klear. |
 |
 |
Ottsje fan Meerzicht |
 |
 |
Age Simons Bouwhuis *Sint Nyk 22-12-1837 - +Wikel 22-12-1933, |
 |
 |
soan fan Simon Egbertus Bouwhuis en Marijke Pieters Rijpkema, en syn twadde frou |
 |
 |
Ottje Tjittes Scheltinga *Bakhuzen 17-11-1853 - +Wikel 27-11-1941, |
 |
 |
dochter fan Tjitte Tsjidzes Scheltinga en Geeske Johannes van der Bles. |
 |
 |
Hja trouden op 10-11-1877. Op 11 novimber 1927 wienen hja 50 jier troud en kamen dêrom op de foto. |
 |
 |
Nei oanlieding fan in fjouwertal artikels yn de Balkster krante oer de skiednis fan Meerzicht, in foarnaam hûs dat stiet tusken de Bargebek en Balk, krige ik in pear reaksjes fan lêzers. Ien fan harren, in sekere frou Meiboom-van der Sluis út Bergen (N.H.), oarspronklik ôfkomstich út Sleat, skreau my dat it har noch heugde dat op Meerzicht in sekere Ottsje wenne hie, dyt mei kwaksalverij pielde. Se kôke sels salven foar by winterhannen en -fuotten. Om koart te gean, ik sette dy meidieling mei noch in oanfolling oer Meerzicht yn de Balkster krante fan 1982 en doe krige ik wer in pear reaksjes oer de niisneamde Ottsje. En mei wa soe ik dan better begjinne kinne as mei in beppesizzer fan Ottsje, ntl. Jan Bouwhuis, yn 1982 noch boer ûnder Parregea, mar ôfkomstich fan Tsjerkgaast. Ik haw him doe opsocht. Hjir komt it ferhaal dat hy my doe die. |
 |
 |
Beppe Ottsje hie dat dokterjen net fan harsels, mar fan har man oernommen, want pake Age, dat wie in fykmaster (fyk = bonkefluesûntstekking oan de finger). Hy wie 20 jier âlder as beppe Ottsje, syn twadde frou, en op t lêst koe er net goed mear sjen. Doe hat beppe Ottsje de praktyk oernommen. Sy hie der sa de slach fan, der is san flecht op e koai kommen, dat it wie altyd drok by beppe. Der kamen in soad pasjinten en der sieten soms wol in man of 18-20 te wachtsjen. Se hie fan pake in boek oerkrigen dêrt resepten yn styngen, benammen tsjin e fyk. Wêrt dat boek no is, wit ik (Jan Bouwhuis) net, mar ien hat yn de foarige iuw der in part fan oerskreaun en dat is yn elk gefal bewarre bleaun. It resept fan de fyksalve haw ik der ek fine kinnen en dat meie jo wol oerskriuwe. Derboppe stiet: Voor de fiek in den vinger. (Der wurdt wiidweidich yn beskreaun wat fyk is en hoet de salve dêrfoar klearmakke wurde moat.) Oan de ein fan it resept stiet: Dit is afgeschreven uit het oude viekmeester Boek van Vader S.E. Bouwhuis, door Johs.G. Westendorp den Januarijmaand van 1894 te Oudega H.O.N.' |
 |
 |
...dit is afgeschreven uit het oude viekmeester Boek van Vader S.E. Bouwhuis, |
 |
 |
door Johs.G. Westendorp den Januarijmaand van 1894 te Oudega H.O.N. |
 |
 |
Boppesteande ôfbylding en de oare resepten fan Ottsje |
 |
 |
stean hjir mei tank oan de famylje Dykstra-Bouwhuis te Koudum |
 |
 |
De dokters koene net folle tsjin fyk dwaan. Ús heit hat it noch in soad dien. Doet wy yn Tsjerkgaast wennen hie ús heit ek altyd noch in soad pasjinten. Doet wy dêrwei gyngen hat ús heit alles dêr begroeven: grûnstoffen, potsjes ensafh., want hy sei: Ik hâld dermei op. Wy kamen doe yn t Skar te wenjen, tichteby t Fean. Ek dêr kamen altyd wer minsken by ús en op t lêst is er der dochs wer mei begongen en dan moasten wy nei de apteek om grûnstoffen te heljen. Dat wie meast tsjokke terpentyn, tsjin e fyk. En t oare, sei er, is der wat omhinne spûn om it wat ynteressant te meitsjen. Der wienen ek wol dingen by om de salve moai smeudich te krijen. Dêrom moast der ek wat moal troch, ek om it in bytsje heimsinnich te meitsjen. Der kaam neat troch allinnich mar om de kleur te feroarjen, mar wol waard de salve hast swart. Mar no werom by ús beppe. |
 |
Voor de spenen:
Neemt een handvol braambladeren, een handvol voilette bladeren en een handvol witte maluwe bladeren, zoo andere roemen parpere, en een sneken witte brood. Dat tezamen gekookt in melk van een varre koe en den papken geleid op de spene is zeer dienstig om die te weeren. Tenzij gij liever hept om te strijken met den brandzalve, breder hiervoor beschreven.
braambladeren = Rubus fruticosus
parpere = purperen |
 |
Ús beppe brûkte ek wol hout en dat skrabe se, mar ik wit net presiis wêrt dat foar wie. Dat helle se dan by de drogist. It hie in reade kleur en hjitte sandelhout. It rûkte lekker. Oars wie der gjin hokus pokus by. Wat wol wer apart wie, it waard op e kachel waarm makke ek al om e miggen en dat moast perfoarst yn in stiennen pot. It moast dan omret wurde mei in tûke fan de flearbeam. Dêr siet faaks ek genêskrêft yn. Se fielde harsels lykwols gjin kwaksalver. |
 |
Voor ijmand die hem heeft verhuld of het smeer gesmolten:
Neemt een handvol peerdehaver, daarvan gemaakt een warm weuseken of palagel met water en zout en wat brood zonder enig vettigheid. Men eet dat des morgens 2 of 3 dagen, vervolgens zavonds moet men nemen als men slapen gaat 2 lepel vol petersele wortelen, gezouden in water of de helft.
Een ander remedi
Neem 2 of 3 dagen, vervolgens avonds, een goede peerdeboon groot balzem art. 1 met wat vers gemolken melk en strijkt de borst eerstdags. Altijd den selven doek daarop leggen. Gij zult met Gods graitie tot u voorige gezondheid komen, zoals bij exporentie dikwijls ondervonden is.
peerdehaver = Avena sp.= hynstehjouwer
of de helft = (waarschijnlijk) tot op de helft
|
 |
Sa kaam der ris in man by har, dy hie in tean dêr mankearre in soad oan. Hy hie der al jierren mei doktere, mar dokter koe neat mear oan de tean dwaan. Dêrom kaam de man in kear by beppe. Se naam in breames en dat sette se even oan op e hoeke fan de muorre en se sei: Sette jo de foet mar efkes op e drompel. Beppe sette it breames op e tean en ....hak! De tean derôf en de kat fljocht dermei fuort (sa wurdt derby ferteld, mar oft dat lêste wier is, wit ik net). |
 |
Voor de gele ziekte:
Neemt een handvol kammilebloem en een handvol gearspenen. Laat die koken in 2 penten zoetemelk tot op de helft, gietze dan door een doek en doet daarin voor stuiver karnariesuiker. Drinkt daarvan des avonds en des morgens de helft ens, certioneert alzo 3 dagen de.
Een andere rimedi voor gele ziekte als men die kruiden niet vind. Neemt vers gemolken melk, laat die koken op het vuur en gekookt zijnde, steelt die of. Roert daarin verze koedrek, roerd die stijf ondereen. En die geassegeerd is moet daarin gaan zitten met de voeten tot half de beenen, zoo warm als hij kan verdregen, omtrend een half uur met mantinvegert of is het een vrouweperzoon, met de rok wel toe gestopt 2 of 3 dagen vervolgens. Zij worden alzoo genezen.
gele ziekte = geelzucht = giele sykte
gearspenen = vergelijk Geaster, aardster, een hogere zwam |
 |
It wie in heldere frou. Dat docht ek bliken út wat ik no fertel. Op in kear sette se gau wat salve klear en lei der wynsels by. Wat docht mem no? sa frege ús heit. Se seit: Dat moat ik aansen brûke. Is der dan wat bard? ús heit wer. Nee, sei se, mar dat sil sa dalik barre. Se seach it oankommen. Dat wie hielendal gjin wiersizzerij fan har, mar se hie in man oankommen sjoen mei san stobbeskeppe. Dat wienen skeppen dyt by de smid makke waarden. Dy wiene hiel swier en skerp. Hy hie sanien op t skouder. In lyts jonkje hie er by him. Aansen seit dat jonkje tsjin syn heit: Heit, mei ik dy skeppe ek ris dragen? En dan krijt dat jonkje dy skeppe en wol him op t skouder hawwe, krekt as syn heit. Mar dan lit er him los en krijt him op e hakke. Dat sit der hielendal yn en dêrom meitsje ik dit wynsel klear. Se sjocht ta it finster út en ja, no draacht er him al. Fuort dêrnei hie dy man dat jonkje al op e earmen mei in gat yn e hakke. It kaam dus út en sokke dingen wienen mear fan har bekend. |
 |
Portijeuliere remedie voor zeerre oogen:
Neemt wat trutem met zoo veel balzem, dat tezamen gemengd. De oogen sluitende, dan de des morgens en des avonds de oogen smerelenn, wat gestreken strijken van onder en van boven. Gij zult des anderen dags groote baat vinden en op zeer korte tijd genezen worden, zoals dagelijks gebeurt aan vele menschen.
En voor bedaagde menschen die dikwijls met zeerre oogen zijn geslagen geassigeerd, is goed gevonden een cirone van die bruine zalve artijkel 2 op het hooft ende laten leggen.
Als enig vel of duisterheid of perle op de oogen komt. Men neemt daartoe vee dragma uit koperrood en 2 dragma karnariezuiker, wat fijn gestampt en dat in een vlesje gedaan met een muddeken franse wijn. De schelle van de oogen wat open ge houwende, zoo moet men trekken langs de appel van de ooge met een pluimken van een penne, in dit flesje wat nat gemaakt, tot tweemaal daags morgens en avonds. Zij zullen daarmede klaar en zuiver worden zoals dagelijks ondervonden word. Dit zoo in een vlesje gedaan, kan het des anderen dags gebruikt worden. Daar zijn honderden met Gods graitie geholpen worden.
Als een peerle op de oogen komt moet men branden wat vuil lijwaat lijnwaat op anderen tichel in de vloer. Daar komt dan oli uit en die moet van den steen met een pluimken opgenomen worden en men strijkt dat pluimken met die oli op de peerle en de ooge eens daags, waardoor binnen 2 of 3 dagen de perle word opgegeten. Dit moet eens daags gedaan worden, ijder maal vers lijnwaat gebrand.
partijeuliere = bijzondere
koperrood = zwavelzuur ijzeroxidule, ijzervitriool of groen vitriool
de schelle van de oogen = "schil", oogleden
de appel van de ooge = deel van de iris dat van buitenaf zichtbaar is; pupil
tichel = tegel, steen |
 |
Se wie o sa nijsgjirrich en wist dêrom ek in hiel soad. Sawat heal Gasterlân hat se it earste en lêste himd oandien. Se hat lang op Meerzicht wenne. Dêr hie foarhinne in Rochefort op wenne. Dy hat gemeentesiktaris west. Hy hie troud west mei in Jacoba de Carpentier. De man hat himsels deasketten, sa fertelde se dan, mei in jachtgewear. Op dit plak moat hy dat gewear delsetten hawwe mei de loop ûnder t kin. Se die my dan mei de strjitskrobber presiis foar hoet er dat hân hie. Dat kûgeltsje wie dwers troch syn holle gien en siet noch yn e balke. Der siet noch altyd in gatsje yn. |
 |
 |
Mei datsoarte ferhalen gienen wy dan, as wy by beppe útfanhuzen, de jûns op bêd. Wy kamen der graach en wienen noait bang. Der wie in hiel aparte sfear op Meerzicht mei al dy grutte beammen en fremde planten dyt der groeiden. Dêr kaam noch by dat de measte doarren net op slot koenen. Dat wie ek al yn pake syn tiid, mar dat mocht net folle kwea, want pake sliepte altyd mei in pistoal ûnder it holkessen, ek al doet er noch op e pleats wenne yn Rûchhuzen. Doet pake stoar kamen der gjin nije skoattels op e doarren fan Meerzicht en as ik doe as skoaljonge by beppe útfanhuze, dan moast ik jûns helpe om de tafels en stuollen tsjin de bûtendoarren te loegjen foardat wy op bêd gienen. Wylst snjitte beppe noch wat wijwetter op e drompels en finsterbanken. Dat wie foar it gefal as de duvel deryn woe. Dy is poerbenaud foar wijwetter. Not wy it dochs oer de duvel hawwe, komt my noch in ferhaal yn t sin dat ús heit noch fertelde. Hy hie it wer fan in frou dyt it oan Ottsje ferteld hie. |
 |
Voor de colijke graveliuis:
Men moet nemen kleine swijntjes of steenkrobben die op de ouwde houven of slallengente te vinden zijn. Latende die wat tijds lopen in een groot plas om wat te zuiveren. Daarna die stellen in een groot glas op een warmen oven om wat te drogen. Men stampt die tot een poeder en neemt 3 of 4 dagen, vervolgens des avonds in het slapen gaan een half dragma van dit poeder met een bierglas rijnschen wijn waarmede den graveli word afgedreven, ende als er een steentje in de passagie is zodat ijmand zijn water niet kan raken, men moet dan een half heel dragma nemen van een groot glas rijnschen wijn; zoo zal de steen doordrijven, zoals ook ondervonden is geweest. De swijntjes of steenkrobben zijn ligt te bekomen in den zomer op de oude daak. Besproeit zavonds op het dak waarop zij in de nagt vergaderen.
241 colijke graveliuis = ernstige buikpijn door steenvorming
242 swijntjes of steenkrobben = pissebedden = stienkrobben
243 slallengente = stalengte? |
 |
Der wennen in pear minsken dêr by Nijemardum om, dy hienen in famke en dat wie betsjoend. Doe tochten se, blikstiender, dat komt net goed en ik wit noch dat ús heit sei: En ikke (= dy frou) de Hege Bouwen oer en dan moast der ien helle wurde en dat wie dan in duvelbanner. En dy kaam derby en sei: Och heden, daliks pis op t fjoer, pis op t fjoer en 365 spjelden deryn. Dy pis moast kôke wurde en der moasten 365 spjelden yn. Doe waard de hiele buert ôfflein om dy spjelden. Ik wit noch sekuer dat ús heit sei dat dy frou fertelde: Doe gyng it derom: de duvel deryn of de duvel derút. Wa sil t winne. De duvel moast der dochs útgean. De pis mei de spjelden wûn it, de duvel rekke derút en it bern gau wer better. |
 |
Voor de wormen:
Is goed te drinken smorgens nogteren een glas witte fransche wijn, 5 of 6 dagen agtereen Ook is goed gezoden met 2 of 3 bolles look en die gedronken.
gezoden = gekookt (van zieden) = seane
look = knoflook (Allium sativum) of een andere soort uit het geslacht look (Allium) |
 |
Oant safier dan wat Jan Bouwhuis my fertelde oer syn beppe, Ottsje Tsjittes Schellinga, berne yn 1853 te Kolderwâlde. Hja stoar yn 1941 te Rûchhuzen. |
 |
 |
Behalve fan Jan Bouwhuis krige ik ek ynljochtingen oer Age Ottsje fan Sytse Boersma út Warns. Hy wie op it Reade Klif berne mar wenne yn 1982 yn e buorren fan Warns. Hy hie Suderseefisker west. Hy frege my ris in middei by him te kommen om oer ien en oar te praten en dat haw ik doe dien. Yn 1982 wie hy 85 jier. Hy hat my wat oer dy fiskerij ferteld, alles tige nijsgjirrich. |
 |
 |
Yn 1919 hie hy by it kopjen fan de ansjofisk wat skrammen oprûn oan e fingers en dat waard ynfeksje. De swolderij bedarre net, mar je prakkesearden der net oer om nei dokter. Dat wie de moade net. It soe fansels wol útswolle, mar ik hie der in ferflokt lêst fan. Ús omke hie derfan heard en ik kaam him tsjin op Laaksum. Hy frege: Hoe is t dermei? Ik sei: Ik hè in soad lêst fan de fingers. Hy sei: Mei ik even sjen (ik hie der wat omhinne)? Ja jonge, dat kin sa net mear, dêr krijst in soad gedonder mei. Ik wyt in goed adres för dy. Dêr hoechst net mei nei dokter ta, want dan meist faaks niks dwaan. Dan must nei t âld minske ta (dat wie Ottsje). Ik sei: Ja, dat kinne jo wol sizze. Hy wer: Ja, ik hè al ris by har west, se wenje dêr en dêr. Asto moarnier dêr even hinne fytst mei dit moaie waar, dan is t samar klear. Mar do must der al om tinke, it is wol in eigenaardigen ien, hear. Ik sei: Hoesa? No dat salst wol hearre en dy âldman, dy seit net folle, miskien datst him ek net iens sjuchste, mar sy hat de broek oan. Ik sal der ris mei heit oer prate. Sis mar dat ik it sein hè. It is in goed adres. |
 |
 |
Se seinen thús: Dan dochst dat mar, dan giest der mar hinne, moarn. Ik de oare moarns derhinne. Ik skille oan, de doar gyng iepen en dêr stie se. In blauwe holdoek mei wite stippen hie se om. Kom, sei se, dêr bist al hè? Ik hie dy justerjûn al ferwachte. Nou ja, jeukes, dan skrik je even. Kom der mar yn, set de fyts mar del, do hest al in hele traper hân. Se hie in flesse yn e hân mei in romer derby. Ik sal dy earst mar in gleske wyn ynjitte en nou must even goei nei my harkje. Ik mut salve for dy meitsje. Ik hie de lapen yntusken al fan de fingers ôfdien. Se seit: Dat sjucht der wûnder út, mar dat nimt net wei, it komt allegear wol goei. Mar earst mut ik salve meitsje. Dat mut ik kokje, mar dat kin der sa hjit net op, dat mut ek wer oukulle wurde. It sal even durje dat ik hjir wer kom en do rêdst dy hjir sa lang mar. Doe krige Ottsje earst noch in bakje: Hjir is in bakje, dêr sal ik wat wetter ynjitte. Dat die se út in kraantsje dat der styng en doe hie se san döske by har, it like wol reade poeier en dêr struide se wat fan yn. Dêrfan krige it wetter in rôze kleur en dat sette se op it taffeltsje. Se sei: Hjir is in gleske wyn, Dat drinkst earst mar en dan triuwst dyn hân mar yn dat wetter. Dy hân mut ik trouwens earst even te pakken hebbe en do rêdst dy wol. Se pakt dy hân beet, de lêste stikjes wynsel even fan dy beide fingers ou en doe in greep yn e buse fan de skelk. Dêr kaam san grutte kromme skjirre út, san doktersskjirre, en dat wie bats, knipt se troch de iene knokkel hinne (doe fielde ik al gjin flier mear en gjin stoel) en doe de oare. Se drukte him yn t wetter en se sei: No sal it wol opknappe. Dat bytsje pine is gau fut, ju, dat let dy niks. Nou ferdwyn ik, hear, en ik kom net earder wer by dy as dat de salve sa kâld wurden is dat er der op kin. En, wizend op de flesse: Der is genôch, ast noch sin oan in gleske hest, dan jitst dy mar yn. Se ferdwûn en ik siet dêr. Nou, it het wol in healoere, trije kertier durre dat se wer kaam. Doe het se it noch wat besjoen en mei in dot watten de saak útwosken. Dat wie net sa noflik, mar ja, toe mar, it gyng om betterskip. Se hie salve yn in skaaltsje, it like wol tar, sa swart wie it. Dat kaam yn in glêzen potsje mei in blikken deksel (it wie san wriuwersgudpotsje). Der kaam wat fan dy salve op e fingers en ik krige ek noch in potsje mei nei hús ta. Se sei: ,Nou must elke moarn dy saak útwaskje mei in bytsje lij wetter en dan nije wynsels derom en oare salve. Ik sei: Hoe lang mut dat? Nou ja, oant it wer better is, dat sjuchtst sels wol. Ik wer: Wat binne de kosten? Ja, de kosten, werhelle se. Jim heit is fiskerman, nou? Ja. Se sei: Ik lest graach fisk, ik lest graach bot. Fange jimme wol ris bot? Jawis wol, mar nou net, net earder as yn e hjerst, yn septimber as de ielfiskerij wer begjint mei de fûken. Dat let niks. Wytst wat, we prate ou, ik wol gjin jild fan dy hebbe, mar sa gau as jim heit bot het, dan bringst my in flink miel bot, oupraten? Ja. Hè k ek dien. |
 |
 |
Behalve oer Ottsje hie Sietse Boersma út Warns ek noch in pear ferhalen oer oare kwaksalvers. |
 |
 |
Itte |
 |
 |
Op Skarl hat in boer wenne dy hie in burkerij mei syn suster. Hy hiet Itte de Jong (*Skarl 04-09-1849 - +Skarl 08-09-1927) en syn suster hjitte Jantsje (*Skarl 21-08-1854). Se burken tegearre. Doet ik op sköle gyng hie ik san flieger of draak makke, wêrbyt ik my in goeie japs yn e hân jûn hie. Dat wie ynfeksje wurden. Doe krige ik dêr in hiele grouwe blauwe bult, as in foech hinne-aai, en ik wie deaferlegen. |
 |
 |
Op in sneintemiddei sei ús heit tsjin my: Dit kin net langer sa mei dy. Do must mar even meikomme, wy mutte mar even mei dy hân nei Skarl ta, nei Itte, dy helpt ús wol. Doe gyngen wy der ronnende hinne, want fytsen wienen der doe noch net. Se kamen krekt thús, mei de molke, en doe sei er tsjin ús heit: Wat bist hjir op in eigenaardige tiid, Wytse. Ja, sei heit, myn âldste soan hat wat mei de hân. Ik woe wol dat je der even nei seagen, want dat kin sa net mear. Hy sei: Wêr is er? Hjirre. Lit ris sjen. O, dat is net sa slim, dat falt ta. Must mar even meikomme, even yn e hús. Syn suster wie der útgongen en doe rôp er: Jantsje, bist hjirre? Ja, seit se, wat woeste? Hy sei: Ik mut even de sûpenbrijskaal hebbe. En tsjin my: Heste in búsdoek yn e buse? Ik sei: Jawol. Hy pakt de sleef út dy sûpenbrijskaal, leit de búsdoek op e tafel en goait der fan dy healstive sûpenbrij op en doe dy doek om e hân. Mar och heden, doe rûn it der oan alle kanten út. Ai jonge! Hy seit: Dit kin niks wurde. Mar ik sei: Dan mocht ik wol in lekken meinommen hebbe, man. Doe sei er tsjin ús heit: Hesto ek in búsdoek yn e buse, Wytse? Ja, sei ús heit, ik hè wol ien, mar dy is net skjin. Hy seit: Let allegearre niks, ju, hy mut der wat sûpenbrij omhinne hâlde. Wytst wat? Hest fakânsje? Ja, ik hè fakânsje. Dan komst moarnier ast it brea op hest mar even wer mei in ammerke en dan sil ik dy in amer fol sûpenbrij meijaan. Dan kôket jim mem der mar wat sûpengrottenbrij fan en dochst dat der mar op, krekt salangt oant er wer better is. Ik hie it dien en... de hân waard better. |
 |
 |
Ik hie in omke hân yn Himmelum, in broer fan ús mem. Dy man hie in ûngelok hân oan board. Se seinen doe allegearre: Dit komt net goed, ju, do rakkest dyn fingers kwyt. Doe sei er: Ik wyt noch ien adres, dy man mut my helpe kinne en oars wyt ik it net. Hy gie doe nei Skarl ta, nei Itte. Hy hie dêrfoar fan dy griene salve makke (hy wurke net allinnich mei sûpenbrij), mar dy koe hjir net foar brúkt wurde, hy krige pine. Dy salve wie foar dy persoan blykber te sterk. De iene kin it útstean, mar do kinst it net útstean. Dêrom krijst pine, it is te sterk. It mut even lichter. En dêr hie er bepaalde resepten foar. Dat wie tusken 1920 en 1930. |
 |
 |
Hy waard ek wol by de boeren roppen as der mei de bisten t ien of oar yn e war wie. Dan gyngen se nei him ta yn pleats fan nei de feearts. It wie der soms drok by dy man. Dêr kaam noch by, as se by de dokter kamen, mösten se betelje. Hy die genôch mar hy frege der niks för, hy krige genôch. Se hebbe wol sein dat syn förâlden der boeken fan hiene en dy hie hy nei harren ferstjerren krigen. Wy hè mear fan dy minsken hân. |
 |
 |
Durk Prús |
 |
 |
Yn Himmelum wenne in man, dy hellen se ek wol by t fee. Dat wie in sekere Durk Brúnsma. Hy hie in hiel lyts winkeltsje hjir yn e Maren, tusken Nijeburren en Bakhuzen si k mar sizze. Dêr haw ik ek ris kontakt mei hân. Ik foer doe by dy omke yn Himmelum, dêrt ik it sa pas oer hie, as skippersfeint. Dat wie yn 1914, yn t earste jier fan de Earste Wrâldoarloch. Wy foeren dy hjerstmis mei turf en doe krige ik maleur mei de tomme. Ik koe der niks mear mei, mei de hiele hân net mear. Op in jûn sieten wy oan board yn Himmelum, doe sei er: Ik wyt net, do bist my wat te stil, oars bist net sa stil, hast soms lêst? Ik sei: Ja, ik bin ferlegen mei dy hân. Hy wer: Dat tocht ik al hast. Nou, dat kin gau better. Ik sei: Wat mut der dan gebeure? Hy sei: Lûk straks even in oare broek oan it turfmot dr even ou en dan must nei de Maren, nei Durk Prús (sa neamden se hjir Durk Brúnsma). Gean dêr mar gerêst hinne, dan komt it wol klear en dan fertelst mar wast biste. Hy ken ús út e pinne. |
 |
 |
Ik derhinne. Hy sei: En, wat mankeart dy? Ik sei: Ik haw wat lêst mei myn iene tomme, Durk, dêr mankeart wat oan en ik bin mei de hiele hân ferlegen. Hy sei: Ik mut ris even sjen. Ik liet him de tomme sjen en hy sei: Do hest in spier yn e tomme, dy is wat ferrekt. Hest soms oan t skurren west? Ja, sei ik, mei in lûk, dat woe dr net ou. Nou, dêr ha we it al. Dy jas mar even út en de boesgroentsjemouwe mar wat omheech en dan mutte we mar even sjen. Hy oan t fielen en op t lêst sei er: Ja, dêr sit it. Hy hie in prúmke yn e mûle en doe begûn er der mei de tomme oerhinne te wriuwen. Doe koe ik it wol útskreauwe, mar do hâldst de bek fansels. Nei in minút of fiif sei er: Earst mar even wachtsje, dan bekomt it even en dan aansens noch ris. En doe die er it nochris en sei: Nou is der in hiel ienfâldich middel: do fregest muoike Geartsje (dat wie myn skipper syn frou) om in lyts bytsje oalje en dêrfan inkele drippen yn in teepot. Dat must even lij meitsje op e kachel. Dan giest mei de mús fan dyn hân der sa oerhinne (hy die it foar). Dat dochst moarns in kear of wat, seker in minút of fiif, seis. Ek de middeis en de jûns förtst op bêd giest. Dan mut it út himsels wer opknappe. |
 |
 |
De man hie gelyk. Ik hè it folholden en dan krigen je itselde ferhaal: Durk, wat binne de kosten? Nee jonge, dêr wol ik niks för hè. Jim mem ken ik sekuer, dy is mei in fiskerman troud, net? Ja. Nou, wytst wat, bringst my mar ris in miel fisk skielk as it der is, dan binne do en ik lyk. |
 |
 |
De Wetterbeam |
 |
 |
Tichteby de yngong fan it Wikelerbosk, ek wol Du Toursbosk neamd, hat foar de oarloch in boekebeam stien mei ien rjochte stamme dyt him ûngefear in meter boppe de grûn yn fjouwer stammen splitst hie. It ûnderste stik fan dy beam wie hol en der stie ek yn de drûchste simmers altyd wetter yn. Dêrfandinne de namme Wetterbeam. Yn 1873 wurdt der foar it earst gewach fan makke. Hoet dat wetter deryn kaam en bleau, wie net bekend al wienen der wol teoryen oer. San jier of tsien letter hat ds. Craandyk oer dizze Wonderboom skreaun doet hy yn 1882 in foettocht troch Fryslân makke. Letter hat ek Sjouke de Zee deroer publisearre yn it tydskrift Sljucht en Rjucht fan 1900. En fierder û.o. Jacob Hepkema dyt yn 1913 skriuwt dat der in soad nammen fan bern yn de stamme fike binne dat doe wol san 70 à 80 jier lyn bard wêze moat. Wierskynlik hat dy beam der al stien doet dêr it eardere slot Meerenstein yn 1811 ôfbrutsen is. Yn 1938 hat frou Post-Beuckens yn in lêzing oer Gasterlân yn Balk sein dat de beam de dea yngien wie. Yn har lêste boek oer Gasterlân út 1980 hearre wy ek foar t earst dat de beam in wûnderbeam wie, want by sykte en ûngemak, en ek by ûnfruchtberens, waard in reis nei de wûnderbeam makke om der wetter út te heljen dat yn fleskes mei nei hûs nommen waard. Dat wetter waard as medisyn ynnommen. De sike wie dan gau wer better en binnen in jier waard der in lytse poppe berne. Ek foar sûne minsken wie it wetter treflik. It brocht yn e takomst grif gelok! Der waard sels hannel yn dreaun. Mar dat is no út. De tonger sloech de beam oan spuonnen en wat derfan oerbleau, hawwe se opromme. |
 |
 |
De hjirfoar al neamde Jan Bouwhuis wist ek fan dy beam te praten. Hy hat der sels wol wetter út dronken. De smaak foel net ôf, sterker noch: it wie wol lekker. Troch de tonger en dat moat dan al hiel lang lyn wêze wie de helte der ôfslein. In útsteksel dat derfan sitten bleaun wie, wie letter ynrotte en befette neitiid altyd wetter. De minsken hiene it fuort wol yn e gaten: dy beam is oars as oars, dy hie kontakt mei de himel hân. Dêrom skreau men ek genêskrêft oan dat wetter ta. It moat om 1900 hinne west ha, dat ús heit der al hinne gie te sjen. Hy wie noait allinne by de beam. Hiel Gasterlân wist fan dy wûnderbeam. Ferskate minsken kamen mei in sleef of in healmingel om derfan te drinken, want dat wetter moat in tige heilsum middel west ha foar allerhanne kwalen. Oaren lieten dêr flessen folrinne en namen dat mei, foar sike húsgenoaten, famylje of goekunde. In leppel deis, foar mageklachten of pine yn t liif. In skûldoek deryn wietmeitsje en op pynlike plakken lizze. Rude en ringfjoer, swolmen en winterteannen, even dippe en it lêst saksearre. Der waard hiel wat úthelle want guon wosken harren dermei oer hiel de lea, soks bygelyks foar de senuwen. |
 |
 |
No wie der yn Sondel in kear in âld man dyt der min oan ta wie. Dokter joech him noch in pear dagen te libjen en sei dat der neat mear oan te dwaan wie. Doet de buorfrou dat hearde en ek noch fernaam dat hy noch gjin wetter út e wetterbeam hân hie, stjoerde se daliks har soan mei in kanne nei Wikel. De buorfrou mar wachtsje by de âlde man: as it wetter no mar komt, dan binne wy wol rêden. Al gau wie de jonge der, alhiel achter de pûst, mei in kanne heal fol wetter. Wêrom hast him net fol? sei buorfrou. Ik krige ûnderweis san pine yn e side, sei de jonge, dat ik ha der mar wat út dronken en doe wie it samar oer. No daliks nei de pasjint. Hy siet rjocht oerein yn e kessens, mar de siken leinen him sa heech, dat hy hie de mûle wiid iepen. Dat kaam buorfrou goed fan pas, want no koe se it der samar ynjitte. In flinke skoat deryn en..... dea wie de man. Dat gie as diggelfjoer hiel Gasterlân oer en de aardichheid rekke dêrtroch wat fan dat wetter ôf. |
 |
 |
De mooglikheid dat de man deryn smoard wêze koe, hie gjinien by stilstien. Oars wie it wetter faaks net sa yn oansjen sakke en wie Wikel mooglik as beafeartsplak ta in twadde Lourdes wurden, neffens Bouwhuis. Dochs soe Jan Bouwhuis net graach de minsken de kost jaan dyt noch in fleskefol efterút stean ha foar gefal fan need. |
 |
 |
W.T. Beetstra, |
 |
 |
Ljouwert |
 |
|