 |
De terp by Westerein |
 |
 |
Ds. Joast Halbertsma wie in man dy't oan in hiel protte dingen niget hie. Wy witte dat û.o. út in grutte samling hânskriften, dy't hy ús neilitten hat en dy't hast allegearre yn de Prov. blibleteek [Tresoar] bewarre wurde. In grut part fan dy hânskriften hat mei Fryslân te meitsjen. Sa hat hy in hiele ferhandeling skreaun oer terpen. By sate Westerein hat foarhinne ek in terp lein, tichte by de Aldedyk, en wat hy der oer skreaun hat liket my nijsgjirrich genôch ta om der wat fan oer te nimmen. Syn hân fan skriuwen - it is skreaun yn 1854 - is soms min te lêzen, dat men moat der wol ris wat nei riede. Hy set sa yn: |
 |
 |
De zate Westerend zelf was voormaals het westend van eene buurt die aldaar gelegen heeft. In het begin dezer eeuw waren er nog eenige kleine huisjes van over, die met de omliggende erven door de toenmalige bezitter der zate aangekogt en na slechting der huizen gelegen om en in de nabijheid van de eigenlijke zate bij de landen gevoegd zijn. Alles wat die buurt aanging was boven de oppervlakte van het water gebouwd, zoodat bij de doorbraak van 1826 [= febr. 1825] het water die zate niet heeft kunnen bereiken. De grond is daar van klei, zeer dik en vruchtbaar, geschikt voor bouw en boter beiden. |
 |
 |
de Lytse- en de Grutte Westerein 1558 |
 |
 |
Het legt onmiddelijk aan de oude dijk en dus aan zee voordat het Workumer Nieuwland was aangespoeld. Daar bestond waarschijnlijk een der uitwateringen naar het meer Flevo, voordat de Zuiderzee geformeerd was. Men moet zich hier dus voorstellen een der oudste plekken van het ouder Friesland. |
 |
 |
De andere boeren van den eigenaar der zate die op ligter land wonen, wilden die terp gaarne afgraven om er hunne landen mede te verbeteren, waar toe de eigenaar verlof gaf. Zijn meenden daar een goudmijn te vinden en dat werd de terp ook op enige breedte van de oppervlakte doch wat zij dieper kwamen, wat de aarde minder werd, totdat zij eindelijk ophielden. |
 |
 |
It die dus bliken dat it binnenste fan de terp net sa geskikt wei om de grûn te ferbetterjen. Fan alles hiene de bouwers fan de terp der foar brûkt, seit Halbertsma, sa as jiske, wier, turf, balstiennen en alles wat se mar te pakken krije koenen. Benammen foelen Halbertsma dy balstiennen op, 'die daar nergens zijn en door Noormannen uit het Noorden moeten zijn aangebragt'. |
 |
 |
It wol my earlik sein net oan, dat de Noarmannen dy balstiennen hjir mei harren skippen hinne tôge hawwe. It is bekend dat net sa fier hjir ôf, yn de hege grûn fan Koudum, balstiennen fûn wurde, lyk as fierder op ek yn de kliffen. Dizze binne hjir yn de iistiid mei it iis ús Skandinavië hinne skood. Mei de oarsprong fan de balstiennen bin ik it dus wol iens, allinnich leau ik net dat de Noarmannen dy hjir hinne brocht hawwe. Hoe dat ek wêze mei, de terp, faaks wol de súdlikste fan Fryslân, is hielendal sljuchte en ferdwûn. |
 |
 |
Behalve it boppeneamde materiaal, siet der ek noch wat oars yn de terp. Halbertsma seit hjir oer: Zij die den terp afgroeven, hebben nog eenige voorwerpen gevonden. Van welke aard die zijn, kan ik niet zeggen, daar zij stukken gestoten en weggeworpen waren. Ik heb er slechts twee uit kunnen redden, een strijdhamer en een ronde steen.' |
 |
 |
Om wat mear te witten te kommen, om dy stiennen foarwerpen stjoert Halbertsma se nei in deskundige yn Haarlim, in sekere J.G.S. van Breden. De brief wêr yn dizze man antwurd jout oan Halbertsma is bewarre bleaun. Hy is skreaun yn 1855. It docht bliken, dat it no om trije stiennen giet n.l. in platte stien mei in gat der yn foar in houten stalle (de striidbile), in foarmleaze stien en in kûgelfoarmige stien. Alle trije stiensoarten soene út Dútsklân ôfkomstich wêze út bergen by de Rijn (û.o. út 'e buert fan Brühl) en út de tiid dat der noch fulkanen wurken. Der stean yn dy brief wol mear bysûnderheden oer de stiennen, mar ik leau net dat de measte lêzers dat wat skele kin. Allinnich noch dit: de bile wie 15 sm lang en 7½ sm breed. De rûne slingerstien wie yn trochsnee 8 sm en hie in gewicht fan rom 700 gram. Wa de striidbile en slingerstien sjen wol moat nei it Frysk Museum yn Ljouwert ta. Der soenen neffens in berjocht yn de Ljouwerter Krante fan 1917 ek noch houten kralen fân wêze, mar Halbertsma praat dêr net oer. Hoe dat dan sit, wit ik net. |
 |
 |
W.T.B. |
 |
|