 |
It wie gâns in skoft ferlyn, dat der op myn skriuwtafel in bryfke terjochte kaam, wêr't op stie: 'jo moatte ris nei Evert Dijkstra te Warkum gean, dy syn famylje wennet der al langer as 100 jier.' |
 |
 |
It wie begjin maaie doe't ik my ree makke ha ris in 'sneup' reiske troch dat diel fan Fryslân te meitsjen. |
 |
 |
Warkum en Ferwâlde hie ik op myn program stean. It wie moai waar, de foarige deis hie ik fanút de trein de earste pakjes hea al yn it lân lizzen sjoen. It wie dit foarjier tige betiid, oeral yn 'e greidhoeke wie men dwaande, foar it grutste part waard der meand foar droegjen en kûljen en in inkelde kear bleau it lizzen foar hea. |
 |
 |
Ik moast doe't ik dizze maaiedei de Fryske boer sa skreppen seach, tinke oan myn oerpake. Dy hie alle tiid maaie moanne, kij yn it lân, bûthûs skrobje, alles skjin en kreas, weinen fervje, hikken en stekken optimmerje en as dan alles skjin en yn oarder wie, dan reizge hy yn juny it healân yn, in stokje yn 'e hân en sloech sa no en dan tsjin de lange raaien oan om te sjen of it sie der al los yn siet, dêr wachte hy op. As it sa fier wie dan waard it tiid dat de mieren kamen. 'Let' sil men no sizze, 'fiersten te let'. Ja no al en dochs wie oerpake yn syn tiid in tûke boer. |
 |
 |
Mei sokke tinzen reizge ik troch Fryslân, tige om my hinne sjende en genietsjend fan it moaie dat d'r op in sinnige maaiedei yn Fryslân te sjen falt, romme wide fjilden, fiere kimen, kleurige greiden en warbere boeren. |
 |
 |
Soe ek Warkum en Ferwâlde it sa drok ha? Myn moed sakke wat ôf, dan like it foar myn net sa bêst, dan soe der wol net folle tiid foar my wêze. Mar ja in kranteskriuwer hâldt no ienkear ek fan moai waar en sinnskyn. Mei sokke prakkesaasjes stapte ik yn Warkum út de bus. Ha sjoen dat ik in fyts te pakken krige, wat my tige goed slagge, en bin doe op syk gien nei de pleats fan Evert Uilke Dijkstra. Hy moast tusken Warkum en Hylpen wenje wie my sein en sadwaande bin ik it suden mar yn reizge, sa lang oant ik by in dyksplitsing kaam, de iene like my ta seedyk te wêzen en de oare gong mear binnen lâns. Omdat it my ta like dat der noch als wat pleatsen oan stiene, ha ik it mar ris oan dizze dyk prebearre en kaam nei wat freegjen te rjochte by in homeie mei de namme 'Westerend' der op. Dit moast dan de pleats wêze; fanôf de hege dyk, want dizze dyk hie in eardere seedyk west, rûn in ferhurde reed nei in mânske stjelp. Doe't ik op it efterhiem kaam, doe tocht ik it is al mis. Dêr wie men drok dwaande mei it foarelkoar bringen fan weinen en masines. Ik fûn de boer yn 'e skuorre en nei it praatsje oer it waar en it doel fan my reis wie it of foel alle drokte wei en wie d'r alle tiid. |
 |
 |
Sate Westerein 1962 |
 |
 |
foto: Frysk Lânboublêd |
 |
 |
'Ik hie jo al r's ferwachte', sa sei de hear Dijkstra, 'as jo efkes wachtsje wolle, ik bin sa klear en dan kinne wy de histoarje fan de pleats en fan de famylje ris troch prate.' |
 |
 |
Sadwaande siete wy efkes lette yn 'e wenkeamer wyls de boerinne foar kofje en koeke soarge, al gau yn drok petear oer Lân, Folk en Pleats. |
 |
 |
'Myn famylje wennet hjir no 103 jier.' sa fertelde de hear Dijkstra . 'Dat wol sizze yn it jier 1856 is myn oerpake, de heit fan myn beppe hjir kommen te wenjen. It wie Jacob Lootsma. Hy wie earder boer by Starum, mar dêr is yn 1855 syn pleats ôfbarnd.' En it gong mei de brânfersekeringen doe gâns oars as no. As men no út in fersekering wei wol, moat men der goed om tinke, dat men mei it yn acht nimmen fan in yn de poalis neamd tiidsbestek op seit, oars wurdt de poalis automatysk wer foar it earder oerienkommen oantal jierren ferlinge. 'Yn myn oerpake syn tiid wie dat oars', sa ferhelle de hear Dijkstra fierder. 'As yn dy tiid de poalis-jierren ferrûn wiene, dan moast men "safolle" tiid fan te foaren ferlinging oanfreegje, oars ferfoelen by brân alle rjochten. Oerpake hat der mei sloerd, soks koe noch wol, it skriuwen wie yn dy tiid in hiel barren. En no is de pleats ôfbarnd, krekt nei it ferrin fan de poalistiid. Doe't hy syn brânoanjefte die, krige hy ta beskie: jo binne net mear by ús fersekere, jo poalis is ôfrûn en jo ha net foar ferlinging oanfrege. Sadwaande koe de pleats net wer opboud wurde enis oerpake it oare jier as hierboer te rjochte kommen op de pleats eigen oan de famylje Halbertsma (Dominy Justus Halbertsma út Dimter en syn bern).' |
 |
 |
Myn gasthear, de hear E.U. Dijkstra wist ek hiel wat te fertellen oer de omkriten fan syn pleats. 'It moat hjir foarhinne gâns oars west ha. Der hat in doarpke 'Westerein' bestien en hjir oan ús reed nei de âlde dyk moatte 14 huzen stien ha. Mei graven en grûnwurk ha wy de âlde fûnementen fine kinnen; ek binne de wetterputten foar it ljocht kommen. Neffens in beskriuwing fan Van Lennep moat der yn earder tiden in kleaster stien ha. Der wurde noch al ris âlde moppen yn 'e grûn fûn. |
 |
 |
in part fan de kadastrale kaart út 1887 |
 |
 |
de nammen binne likernôch 1990 troch Jacob Everts Dykstra trochjûn oan Foppe Kooistra |
 |
 |
Wat oars wiist d'r op dat hjir in stins of in slotsje stien hat. It stik lân efterhûs wurdt noch altyd 'de five efter it slotsje' neamd. |
 |
 |
Oan de súdkant fan de pleats wie in terp, dy't neffens oerlevering fan in âld-Warkumer sa heech wie, dat de pleats alhiel efter de terp beskûle lei en wol sa goed, dat hy net te sjen wie. |
 |
 |
Ek dizze terp is lykas safolle oaren yn Fryslân weiwurden. By it ôfgraven binne der noch in pear nijsgjirrige dingen foar it ljocht kommen, ûnder oaren in stiennen bile en in slingerstien, dy't beide yn it Frysk Museum te Ljouwert bewarre wurde. |
 |
 |
Op de kadastrale kaart út 1887 binne de útbousels goed te sjen |
 |
 |
Yn 1895 is de tsjintwurdige stjelp boud. De âlde pleats moat fan in sûnderlike foarm west ha, mei útboude keamers. Ien fan dizze útbousels wie opkeamer mei molkenkelder en de oare wie in útbousel op de easthoeke en die allinne mar tsjinst as wenfertrek. Foar dizze âlde huzinge is in mânske stjelp yn it plak kommen. In grutte hege skuorre mei grutte djippe gollen, in bûthûs der't 30 kij op 'e rige stean kinne, mei noch in stik dûbele rige wer't plak foar 14 bisten is. |
 |
 |
No dy romte is de hear Dijkstra dy't him tige op yntensyf buorkjen en produksje ta leit, wol fanneden. De pleats is 32 ha. grut en hjir wurde in 50 melke kij hâlden. |
 |
 |
'Ik ha yn 5 jier mear as 1.000.000 kilo molke oan de Warkumer fabryk ôflevere, mar net allinne de kwantiteit, mar ek wat kwaliteit oanbelanget kinne wy meidwaan. De lêste tiid hawwe wy oan ús fabryk, wêr doch ek noch sa'n 330 oare boeren harren molke leverje, wat listen oanbelanget, de heechste west, sawol molke as % fet.' |
 |
 |
Doe't ik sa mei de hear Dijkstra siet te praten tocht ik sa, in moai bedriuw, hjir is wat ta stân brocht, hjir leit al is it dan ek in hierde pleats, wat eigens yn, hjir is troch eigenwurk in bining kommen. En doe't ik efterhûs stie en it bedriuw r's oerseach, wie der ek in soan drok dwaande. |
 |
 |
Hjir groeie geslachten Fryske boeren fêst oan de pleats dy't se bebuorkje, sawol heit as soan lizze hjir al har kinnen yn. |
 |
 |
103 jier hat dizze famylje al warber west en ik winskje har ta dat de nammen 'Westerein' en Dijkstra noch lang tagelyk neamd wurde sille. |
 |
 |
Mar mei dit stikje Fryslân leit noch in bân. Ek de eigeners fan 'Sate Westerend' hawwe der gâns in skoft mei ferbûn west. It is de yn Fryslân tige bekende famylje Halbertsma en neisaten der fan. No Pref. Mr. Tj. J. Dorhout Mees, mar alear ds. Joast Halbertsma út Dimter en dêrfoar ds. Hoekema út Warkum. Yn rimen en teltsjes lêze wy oer 'de hoanne fan Westerein', doe't dit skreaun is toeve de dichter, mei syn tinzen op de famyljepleats, want sa mei dizze pleats wol neamd wurde, omdat der foar de eigeners in bân rint fan likernôch 200 jier. |
 |
 |
Neffens de floreenkohieren binne mei De Westereind ferbûn de floreennûmers fan it kohier Warkum 244-253-254-255-256-258-259-260-261-262. |
 |
 |
It ferrin fan eigeners en brûkers hat west: |
 |
 |
1718 - 1728 Jaje Reines eigener en brûker. It wie doe in boupleats, hy wurdt oanjûn mei 'Zaaland'. |
 |
 |
1738 Dirk Hinlopen eigener. |
 |
 |
1748 - 1758 Boargemaster Simon Aukes Widd. tot Hindelopen |
 |
 |
1768 Teake Alberts Widd.'s erven eigener en brûker |
 |
 |
1768 Albert Teakes ¼ part; Luitje Broers ¼ part, Heerte Dirks ¼ part, Auke Wiggerts ¼ eigener. |
 |
 |
1778 Selde eigeners, Ynse Tjalkes brûker. |
 |
 |
1788 - 1798 as yn 1778 |
 |
 |
1818 Sjoerd Hoekema 1/3 part, Johanna Hoekema 1/3 part, Sjutje Jetske, Gorritje v.d. Zee 1/3 part eigeners, brûker Ynse Sjoerds. |
 |
 |
1828 Justus Hiddes Halbertsma en Johanna Iskjen Hoekema eigeners, brûker Eelke Stattinga. |
 |
 |
1838 Justus Hiddes Halbertsma en Johanna Iskjen Hoekema eigeners, Jelle Wijma brûker. |
 |
 |
1850 - 1858 Justus Hiddes Halbertsma 1/3 part, Petrus Justus Halbertsma 2/13 part, Hidde Justus Halbertsma 2/15 part, Watze Justus Halbertsma 2/15 part, Tjalling Justus Halbertsma 2/15 part, Binnert Justus Halbertsma 2/15 part eigeners, Jelle Wijma brûker. |
 |
 |
Ik bin fan betinken dat ds. Petrus Hoekema yn de Frânske tiid eigener wurden is. Omdat dizze artikels gjin genealogy binne sil troch my der in punt setten wurde, alhoewol ik fan betinken bin as ik de eardere nammen sjoch dat de famyljebân mei ds. Petrus Hoekema net begongen is. |
 |
 |
Ljouwerter Krante 12 april 1853: |
 |
 |
De brûker Jelle Wijma stiet noch wol yn it floreenkohier, mar dat hat yn 1858 al Jacob Lootsma west. It fierder forrin fan brûkers hat west: |
 |
 |
Jeltje Eeuwes Feenstra, Jacob Everts Dijkstra en Pietertje Attes Wiarda |
 |
 |
1856 - 1873 Jacob Lootsma earst mei Trijntje Demmer en letter mei Jeltje Feenstra. |
 |
 |
1873 - 1904 Evert Dijkstra en Tjitske Lootsma |
 |
 |
1904 - 1938 Jacob Everts Dijkstra en Pietertje Wiarda |
 |
 |
1938 - 1959 Evert Uilke Dijkstra en Geeltje Schilstra |
 |
 |
Oant safier eigener en bewenners. Ik tink net dat Sate 'Westerend' altyd in boerepleats west hat. Yn de âlde kaarten fynt men dêr in slotsje. Yn 'e floreenkohieren wurdt nea in pleats sa neamd, mar komt wol de toponym 'Westereind fenne' foar. As ik dêr it grutte tal floreennûmers wêr letter dizze pleats út bestiet by nim, dan is my betinken dit: Sate 'Westerend' is groeid en gearstald op it plak wêr alear in lytse mienskip west hat fan in slotsje en wat huzen, dizze útbuorren fan Warkum hat al Westerein hjitten en sadwaande pronket hjoed de dei op in homeie hikke oan de âld-seedyk by Warkum de namme 'Westerein' as in oantinken oan it ferline mar ek as de oantsjutting: Hjir is in sûne geve greidpleats woartele yn it ferline, sterk yn it hjoed. |
 |
 |
de H. |
 |
 |
Ynstjoerd troch Oepke Santema (Frysk Lânboublêd 19-06-1962): |
 |
 |
Westerein |
 |
 |
Sate Westerein |
 |
 |
foto: Oepke Santema |
 |
 |
No, no!: 'der hat in doarpke Westerein bestien' en 'neffens in beskriuwing fan Van Lennep moat der yn earder tiden in kleaster stien ha', dat binne in pear bewearingen fan 'e hear E.U. Dijkstra, dêr't de lommert sa mar gjin jild op jout. |
 |
 |
Om mei it lêst te begjinnen: Van Lennep: de hear Dijkstra sil moai wis ien fan dizze skriuwer syn histoaryske romas bedoele. Mar det binne gjin betroubere boarnen! Yn 'e hiele kleasterskiednis fan Warkum en omkriten komme mar twa kleasters foar en dat binne dy oan de Ursulapoel en Mariënacker by de stêd. [yn 2017 hat Hans Mol skreaun dat Sint Ursula gjin kleaster wie, mar in parochytsjerke]. |
 |
 |
De Lytse- en de Grutte Westerein yn 1558 |
 |
 |
Dat Westerein in doarpke west hat, dat stiet noch te besjen. Ik leau earder dat it in buorrentsje west hat, sûnder in tsjerke of kleaster. It lei fuort by de tsjinwurdige âlde seedyk dy't foar 1624 (doe't it Warkumer Nijlân yn 'e dyk kommen is) de échte seedyk wie. Men sjocht is sa moai op 'e stêdekaart fan Warkum, yn 1558 makke troch Jac. van Deventer. Ik ferûnderstel, dat yn dy kloft fan yndied wol in 20 huzen, earder fiskers as boeren wenne hawwe. |
 |
 |
Efkes mear de kant nei Warkum út stie yn dy dagen noch in keppeltsje huzen, mar sa folle net. Der is neat mear fan oer, as de stien en de pún yn de grûn, dy't der sûnder mis ek te finen wêze sil. In kaart fan likernôch 1700 (Schotanus) jout noch in stik of sân huzen oan wjerskanten fan de saneamde Westereinderfeart oan, mar it buorrentsje, dat efkes noarderlik lei, is dan al fuort. |
 |
 |
'Wester end' yn 1664 |
 |
 |
Hoe't it komt, dat twa kompleksen fan huzen weiwurden binne? Ik tocht, it soe wol ris fan dy dykoanlis yn 1624 komme kinne, doe't de bewenners, faaks fiskers en dykslju te fier fan 'e see ôf kamen te sitten. Wol men noch mear oer dizze Westerein lêze, dan moat men it artikel fan H. Halbertsma yn it Heitelân fan 1948, side 176 der mar ris oer opslaan. |
 |
 |
O. Santema |
 |
|