It libben fan in stien |
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31
|
|
It libben fan in stien
of
De Coöperatieve Vereeniging
tot machinale Boter- en Kaasbereiding
yn
de Grutte Wiske
Doe't yn 'e kranten stie dat it molkfabryk "De Goede Verwachting" fusearje soe en dat har ús sa bekende namme troch dy fúzje ta it ferline hearre soe, tochten in protte minsken út Warkum en omkriten mei weemoed oan dy goeie âlde tiid werom. In tiid doe't it noch mooglik wie om as lyts fabrykje selsstannich bestean te kinnen. In fabryk dêr't de leden elkoar noch by de namme koenen. Mar hjoed-de-dei (1995) slacht de skaalfergrutting ta. Sa ek yn Warkum. Tenei gjin "De Goede Verwachting" mear mar "Twee Provinciën"! Yn it museum "Warkums Erfskip" leit op 'e souder yn in hoekje in tinkstien fan in molkfabrykje dat al bestien hat noch foardat ea immen fan "De Goede Verwachting" heard hie. It fabrykje hie mar fjouwer leden, stie yn 'e Grutte Wiske en neamde harsels "De Coöperatieve Vereeniging tot machinale Boter- en Kaasbereiding". By it sjen fan de tinkstien gean ús tinzen werom nei de ein fan de foarige ieu: ![]() De jierren nei 1879 hawwe in tiid fan maatskiplike delgong west. Foaral de boerestân is it slachtoffer, want it lân en de pleatsen binne folle minder wurdich wurden en de opbringsten fan molke en fee binne ferskriklik sakke. In soad boeren kinne sadwaande de holle net mear boppe wetter hâlde en reitsje yn it fallisemint. Oaren leverje bûter fan mindere kwaliteit trochdat hja nuvere fiten úthelje by de produksje fan de bûter. In gefolch is dat de bûter út ús lân, troch de wikseljende kwaliteit, yn it bûtelân in minne namme kriget. Boppedat ferliest de boerebûter hyltiten faker de ûnearlike konkurrinsjeslach mei de margarine. Om de boerebûter in bettere namme te jaan, beslute in grut oantal boeren de molke sintraal te ferwurkjen. Yn 1886 wurde yn Kleaster-Anjum en Wergea de earste molkfabriken fan Fryslân oprjochte Yn de maitiid fan it jier 1888 foarmje yn de Grutte Wiske de boeren Sibold Wiersma (hjoed-de-dei Grutte Wiske 7. Anne van der Zijpp), Feike R. de Boer fan sate "Grote Wiske", Tsjêbe Cornelis' Tjebbes ("president") fan sate "Elzenburg" en Meindert Meinderts Kuiper ("secretaris") fan sate "Welgelegen" (de lêstneamde pleats stiet yn it Warkumer Nijlân) in primitive boerekoöperaasje. It doel is de molke fan harren bedriuwen gear te bringen en sintrifugaal te ferwurkjen. Tusken de sates "Elzenburg" en "Grote Wiske" wurdt oan de ein fan de reed in fabrykje boud. Foar de ynrjochting leveret de firma Boek en Huidekoper fan Grins ferskate masjines, û.o. in Laval Separator. ![]()
Sate Elzenburg (l) en sate Grote Wiske (r) anno 1995.
Oan de ein fan de reed tusken de twa sates yn stie de
"Coöperatieve Stoomzuivelfabriek".
It fabrykspersoniel bestiet út in bûtermakker en in tsiismakker, dy't by it fabryk fan Kleaster-Anjum yn 'e lear west hawwe. De tsiismakker Jelle de Vries fan Hylpen hat it fak sels hielendal yn Denemarken, dêr't de earste koöperaasjes ûntstien binne, leard. Fierders is der noch in masjinist, Huite Walthuis fan Parregea (omke fan de Warkumer grientehannelers Age en Tsjamke Walthuis). Om yn de Grutte Wiske te kommen, brûkt Walthuis in fyts mei in hiele grutte en in lytse tsjille, in saneamde "vélocipède". It is in op de Grutte Wiske nea earder sjoen "vehikel", dat tenei yn ridende tastân, it deistich fermeits fan de bewenners fan dizze kontreien is. De bern, dy't yn 'e omkriten wenje fermeitsje harren faak mei dy fyts. Lyk as it pleechsoantsje fan Meindert Kuiper, Meindert Reinders de Boer. ![]()
Sate Welgelegen ±1880 skildere troch P. Driebergen
yn opdracht fan de bewenner Meindert Meinderts Kuiper.
Meindert R. de Boer waard yn septimber 1882 berne op sate "Elzenburg", dêr't syn heit oant 1885 op buorke. Der wienen al in stik of wat bern en der soenen nei him noch mear folgje. Syn omke en mouike fan de tichtby steande sate "Welgelegen" koenen spitigernôch gjin bern krije. Hiel miskien hat dat de reden west dat Meindert as poppe al op de sate "Welgelegen" te wenjen kaam. Hy is dêr troch syn omke en muoike grutbrocht. Meinderts heit Reinder de Boer wie in healbroer fan Meindert Kuiper. Opfallend is, dat Meindert nei in Kuiper ferneamd is. As jonkje boartet Meindert ek wol gauris by it molkfabrykje. Hy pielt lyk as syn maten mei de fyts fan Walthuis om en leart sa al jong it fytsen. It fabrykje bestiet net sa hiele lang want yn de Friso fan woansdei 14 febrewaris 1894 stiet: Workum. De in 1888 in de Wiske op- gerichte Coöperatieve Vereeniging tot machinale Boter- en Kaasbereiding is bestemd ontbonden te worden. Volgens advertentie in de Leeu- warder Courant van heden wordt alles in zijn geheel of ook gebouw en machineriën afzon- derlijk ten verkoop aangeboden. ![]() It op 11 juny 1888 oprjochte partikuliere tsiis- en bûterfabryk fan de firma Tjebbes & Co. te Warkum, dêr't Klaas Tjebbes, in broer fan de "president" Tsjêbe Tjebbes, direkteur fan is, keapet it fabryksgebou oan. Lit it ôfbrekke en fan it hout- en stienneguod in tsiispakhús by syn gebouwen op 'e Emmabuert sette. Tsjêbe Tjebbes ferfart dat selde jier nei de gemeente Baarderadiel. En de tinkstien? ...Dy bedarret op "Welgelegen", de pleats fan de "secretaris", as stoepstien yn de skourreed foar de doar nei it lytsbûthús. ![]()
Sate Welgelegen anno 1995
Yn 1950 stiet it tsiispakhús noch altiten oan de wyk nei it molkfabryk. Mar troch it grutter wurden fan de frachtweinen stiet it pakhús yn it paad en moat ôfbrutsen wurde. Gosse Meinderts de Boer fan de Warkumerwaard, soan fan Meindert de Boer fan "Welgelegen"(!), keapet it gebou foar 500,- (der wurdt troch Tjebbes 10 x 50,- fan it molkjild ôfholden). Hy lit it ôfbrekke en foar noch gjin 15.000,- troch de Warkumer timmerman Rein van der Wal op de Warkumerwaard wer opbouwe as stâl, al wurdt it nije gebou wol in bytsje grutter. De tinkstien leit noch altiten op 'e kop foar de doar fan it lytsbûthús yn sate "Welgelegen" dêr't Gosses broer Reinder op buorket. Om't Gosse fynt dat de stien eins by syn nije stâl heart, wurdt de stien út sate "Welgelegen" weihelle en yn de muorre oan de noard-(=Warkumer-)kant ynmitsele. Sa'n fiif jier letter wurdt fan hout út de Gasterlânske bosken in berch foar it hea tsjin dy muorre oanset, sadat de tinkstien foar it grutste part fan it jier ûnsichtber is. It sit meastentiids efter it hea. Mar inkelde wiken yn de maaimoanne, as it âlde hea hast opfuorre is, komt de tinkstien yn it sicht. Yn de santiger jierren komt op in dei it bestjoerslid fan de âldheidkundige feriening "Warkums Erfskip" Jan Faber by Gosse M. de Boer op it hiem. Hy freget De Boer oft it mooglik is de tinkstien foar de takomst te bewarjen, troch it oan "Warkums Erfskip" te skinken. Nei't de stedstimmerman de stien kreas út de muorre helle hat, bringt Gosse de Boer de stien heechstpersoanlik nei it museum ta. Oant 1981 buorket Gosse M. de Boer op de Warkumerwaard. In skoftke dêrnei moat de stâl mei de berch it plak romje foar de kamping en de jachthaven "it Soal". Anno 1995 leit de tinkstien noch altiten yn it museum te pronk. En wa passet as frijwilliger dêr sa út en troch op? ....Gosse M. de Boer!!! Boarnen: Erf en Wereld, J.P. Wiersma & drs. K. Tjepkema, 1959 Laverman, Drachten Friso 14.02.1894 Leeuwarder Courant 20.02.1894 Gosse Meinderts de Boer, petear 16.12.1994 |