Wier bard? |
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31
|
|
Wier bard?
Oan de ein fan de foarige ieu waard it brûken fan de fyts hyltiten populêrder. Yn it begjin wie de fyts allinnich foar manlju ornearre. In frou op 'e fyts, dat wie net kein. Mar de tiden feroaren. Sa ek yn de Wiske. Op ien fan de pleatsen yn de Grutte Wiske wennet in boerinne dy't tige niget oan it fytsen hat. Gauris sjocht hja nei fytsers op 'e Lange Leane. As hja yn de Friso lêst dat de Warkumer smid Molenaar no ek frouljusfytsen te keap hat beslút hja der ien te keapjen. Mei hynder en wein wurdt it noch ynpakte ferfiermiddel ophelle. Op it hiem fan de pleats wurdt de fyts ûnder grutte belangstelling útpakt. De boer sjocht der gjin heil yn. In frommes op 'e fyts is gjin gesicht. Hy wol har dan ek net helpe it fytsen te learen. Hy wynt him der út, troch te sizzen dat er it te drok mei de ûngetiid hat. Sadwaan komt de fyts in moai hoartsje yn de gong te stean. As it hea binnen is en de gollen lizze fol, nimt de boerinne de kâns waar. Bûtendoar wol hja it net mear leare. Want okkerdeis is de buorfrou, dy't altiten dat hawwe wol wat oar ek hat, yn it tsjuster mei de nije fyts yn de jarrefeart rekke. Nee dàt sil de boerinne nea oerkomme. De boer leit nei it middeismiel altiten eefkes mei de holle op tafel. Hja tinkt: "Dit is myn kâns". Hja freget de feint de fyts op de bûthússouder te setten, wylst hja har eefkes ferklaaid. Efter it hea yn 'e golle sil net ien har sjen. De feint stiet al mei de fyts klear as hja yn in wollen ûnderbroek op 'e souder stapt. "Frou, it liket wol of sille jo te reedriden!" seit de feint ferheard. "Sa ha ik gjin lêst fan dy lange rokken," is har andert. De boerinne hat it fytsen ridlik gau yn 'e macht. Op't lêst seit hja: "Lit mar los. Ik kin it no wol sûnder dij." Hja doart sels al mei ien hân te fytsen. "Ik rydt noch ien rûntsje," seit hja en fytst nei de efterein fan de pleats. Mar wat hja net yn 'e rekken hat is dat in tried fan de wollen broek fertize rekket yn ien fan de speaken. As de boerinne wer by de feint komt kriget er in kaam en stammeret: "Dit is my wat. Dit is my wat. De boerinne hat neat mear om it...." |