De Warkumer ielhandel en de famylje Visser |
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31
|
|
As jo yn Warkum op it âld-tsjerkhôf by de toer komme, dan sjogge jo dêr in soarte fan piramide as grêfstien mei op de iene kant de tekst: Rustplaats van Rintje Jans Visser, in leven burgemeester van Workum en palinghandelaar, geb. te Gaastmeer 18 Febr. 1827, overleden te Workum 29 Oct. 1891 Op `e oare kant stiet: Rustplaats van Rintje Sines Visser, Oud-Schipper en palinghandelaar, geb. te Alegawier 17 Febr. 1760. Overleden te Workum in de ouderdom van 95 jaren en 13 dagen. ![]() Wa wienen dit? Dêrta geane wy werom nei it jier 1726, as yn Allingawier Sine Walters doopt wurdt. Syn namme fine wy werom yn de ûnderskate kohieren fan dat doarp oan de Makkumermar dat zeer wel ter vischvangst ( ) gelegen wie. Faaks wenne hy wol yn in skip. Syn soan Rintsje gie, nim ik oan, wolris mei iel nei De Gaastmar. Dy krige dêr alteast ferkearing mei Antsje, de dochter fan Jan Wiegers fan 'e Gaastmar mei wa't er yn 1788 trout. Hy komt dan, neidat er noch efkes yn 'e Gaastmar taholden hat, lykas hjir boppe al sein is yn 1788 of 1789 yn Warkum te wenjen. Yn 1791 krijt er dêr it boargerskip. Hy hat frij wis op in Gaastmarder ielaak fearn, want de aak De Vriendschap dêr't er û.o.yn 1792 skipper op west hat, wie yn 1790, sa witte wy eigendom fan Wieger Jans Visser út `e Gaastmar. Letter komt er yn `e Gaastmar te wenjen. Rintsje Sines is ien fan de beide mannen dy't yn Warkum by de toer begroeven binne. Syn soan Jan, dy't mei in dochter fan Wieger Jans troude, nimt earst noch diel oan it bedriuw yn `e Gaastmar dat Maneveld, yn 1799 oernommen hie. Yn 1844 giet de Gaastmarder ielrederij (taksearre op krapoan f. 65.000,-) yn twaen. Nei de dea fan Maneveld yn 1834 hie Wieger Wiegers it bedriuw fuortsetten mar yn 1844 krije Pierkje en har broer Wieger elk de helte. Jan Rintsjes festiget, faaks noch datselde jiers, yn Warkum de twadde ielrederij. By it passearjen fan de akte wenne hy der nammers al. Van der Aa seit, as er it yn 1849 oer Warkum hat: .. men drijft er ook handel in paling op Londen. Jan Rintsjes hie nammens ek noch in houtmole op syn noed. Hy wurdt letter op syn bar opfolge troch syn soan Rintsje Jans Visser (Rintsje-baas), de man dy't ek op `e grêfpeal by de Warkumer toer memorearre wurdt. De boekhâlding fan dy rederij is fan 1852 ôf, doe't Rintsje blykber it bedriuw oernommen hie, bewarre bleaun.
W.T. Beetstra
![]()
De ferhâlding fan Rintsje-baas
![]()
de ±1700 boude wente van Rintsje Jans Visser (Noard 165)
waard yn 1858 troch Visser fan de erven Carl Troste kocht
foto Willem Twynstra 16-06-1986
Rintsje-baas stie by it folk dat by him yn tsjinst wie, goed oanskreaun. It lean wie f 5,- wyks. It waard ienkear yn 'e moanne útbetelle mar dan nea mear as f 20,--. Letter waard dat f 6,- wyks. In rom bestean joech dat net, mar yn fergeliking mei de fertsjinst fan boere-arbeiders, timmerfeinten en sa, wie it knap lean, foaral as wy dêrby betinke dat se it hiele jier troch fêst wurk hienen en de kost deropta. Der wie ek oars noch wolris in ferfaltsje (û.o. troch smokkel) (De Vries 5-4-1952). Doe't koart nei syn dea Rintsje syn testamint bekend makke waard, die bliken dat er ek oan syn aaksfolk tocht hie. Elk fan harren dy't oant syn 60ste jier ta Rintsje-baas trou op 'e aken tsjinne hie, krige oant syn dea ta elke moanne in útkearing. Foar de skippers wie dat f 25,-, foar de oaren f 17,50 (widdo's krigen in pear ryksdaalders minder). It jild waard elke moanne troch de âldste skipper rûnbrocht dy't ek foar in sigaar soarge. It waard betelle út de opbringst fan de pleatsen dy't Rintsje Visser hie. (hy hie dan ek yn de bêste jierren fan syn ielhannel it heechste jierynkommen fan Warkum: yn de jildwearde fan ús tiid omrekkene royaal mear as in heal miljoen).
W.T. Beetstra.
![]() As de Warkumer aken wer thús kamen hysten se in ein út `e kust fan Fryslân de flagge yn 'e mêst (De Gaastmarder en Hegemer aken dienen dat respektivelik yn Warkum of Starum en by De Gaastmar). Oer it algemien wist men wol wannear't in aak op thúsreis wie mar de oankomst wie net altyd krekt foarút te sizzen. Doekele mei de krukken koe men mei skaplik waar mei syn fierrekiker op 'e ringmuorre oer de sylsbrêge foar de stedsherberch sitten sjen. Fan dat plak ôf koe hy de aak dy't op wei nei hûs wie, oankommen sjen fan efter de ligersbolle wei. Sa gau as Doekele de aak foar de kiker krige, gie er yn sân hasten op syn krukken nei hûs, it lêste hûske oan 'e westkant fan it Sylspaad. Syn wyfke Hanne sette dan de stap deryn om by de neiste sibben fan it aaksfolk it heuchlike nijs oer te bringen. Hanne moast trochstrings in ôfstân ôflizze sa lang as Warkum want it measte aaksfolk wenne op it Noard. As wy út skoalle thúskamen yn sa'n snuorje dat in aak thús komme koe, sa dielde de hear E. de Vries út Wassenaar my in 1977 mei, wie altyd it earste dat myn maat Abel rôp: Mem, hat Hanne der al west? (Abel de Jong syn heit foer as skipper op in aak).
W.T. Beetstra
út it Beaken jiergong XLIX 1987 nr 3
tydskrift fan de Fryske Akademy
|