Tomas Hof |
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31
|
|
De sate 'Tomas Hof' te Warkum
hat syn langste tiid hân.
dêrom dûke wy yn de histoarje fan de pleats.
![]() Under Floreencohiernûmer 206 treffe wy in sate oan dêr't de namme net fan neamd wurdt. Dochs is it net sa hiel slim út te finen mei hokker pleats wy te meitsjen hawwe, as wy lêze, dat hy by Igleburren lei. Dat Igleburren, ek wol ferienselvige mei Tettingburren, bestiet no net mear as sadanich, mar op âlde kaarten kinne wy it wol werom fine. It wie foarhinne in buorrentsje fan in stikmannich húskes tusken de Burrefeart en de Ykefeart, dêr't yn de simmer fan 1962 noch belangrike opgravingen dien binne fan âld diggelwurk ensfh. ![]() ![]() Om 1960 hinne is de pleats, dy't doe noch in apart foarein hie, ferboud ta in stjelp, mar de âlde gevelstien mei der op: Tomas Hof 1769 is der wer yn oanbrocht troch de bewenner Boate de Boer. De sate, sa docht bliken, hat dus wol in namme. Dochs wurdt de namme mar hiel komselden yn de âlde stikken neamd, lyk as in stikje lân fan 4 pm dêr yn `e buert, de saneamde Thomas finne. Yn ien fan de stikken fine wy de kaai fan de namme. Yn 1728 (oan `e stien te sjen is de pleats yn 1769 op en nij opboud) is der n.l. sprake fan Thomas Jelles Hoff en no docht bliken dat Thomas Jelles ien fan de (earste?) eigeners west hat. Hy wenne yn Hylpen. Oan de namme hof kin men tinke oan in hôf mei apel- en parrebeammen (der is trouwens neat fan bekend) mar faaks is der doeld op in omheind stik bou, want it terpegebiet fan Igleburren waard as bougrûn brûkt. ![]()
betonmole "De Engel" en "Tomas Hof" ± 1890
Yn 1700 en 1708 is dizze Thomas eigener fan de sate. Net sa lang der nei is hy stoarn, alteast yn 1713 is der sprake fan de erven fan Thomas Jelles. Dit binne syn bern Goyke, Dirk en Hester. De sate beslacht dan 81 pm. Hierder is Jacob Foekes. Nei Wybe Johannes yn 1720 komt der in honkfêster hierder op `e pleats, want Ruurd Jans, dy't yn 1726 op `e pleats sit bliuwt langer as fjirtich jier op itselde spul. Hy wurdt ús yn 1749 beskreaun as een gemeen boer. It wie lykwols in mingd bedriuw, want mar 18 pm bestie út bou. Dan lei der ek noch 2 pm braak. Dit wie yn dy tiid net sa frjemd, want, omdat it lân te min of fakentiids alhiel gjin dong krige, waard it útrûpele en moast it fan tiid ta tiid rêst hawwe, om wer op krêft te kommen. Der nêst hie Ruurd Jans dan noch 6 kij, 1 rier en 2 hynders. De hynders sil er wol it meast yn de bou nedich hân hawwe. Ruurd Jans moast yn 1737 as boer op Thomas Hof 576 c.g. oan hier betelje. Dat wie foar dy tiid gâns in bedrach en as wy dat fergelykje mei de hieren dy't de oare boeren yn it gebiet fan Warkum dat jier betellen, dan docht bliken, dat Thomas Hof it measte opbringe moast. Grif in pleats fan goede kwaliteit! Yn it krisisjier 1749 sakke dy hier ta 399 c.g. mar dernei moat de lânhearre stadichoan mear hawwe. Dochs rint de hier lang sa sterk net omheech as by de measte oare saten it gefal is. Sa binne der b.g. yn 1798 6 pleatsen dy't heger lizze. Jan Ruurds, in soan fan de foarige hierder, dy't al sûnt 1776 op `e pleats sit betellet yn 1798 633 c.g. oan hier, wylst der boeren binne dy't dan 950 c.g. oan hier jouwe. Nei 1749 wurdt de bou ynkrompen. Besloech dy yn 1749 noch in oerflakte fan 18 pm, yn 1776 lykwols wurdt net mear as 10 pm as bougrûn brûkt. ![]() Yn 1798 skynt de bou hielendal oan `e kant te wêzen, der wurdt alteast net mear oar praat. Der tsjinoer nimt it tal fee ta. Yn 1776 b.g. binne der al 10 kij, 3 rierren en 3 hynders en yn 1798 hâld Jan Ruurd der 15 kij, 8 rierren en 2 hynder op nei. De bern fan Thomas Jelles bliuwe yn elk gefal oant 1735 ta eigeners fan de sate (Goyke is dan al stoarn). Yn 1737 hat allinnich Hester Thomas noch in part yn `e pleats, it oare part komt dan yn hannen fan Timon Aukes, boargemaster fan Hylpen. Ik ha it gefoel dat dizze lêste persoan út deselde famylje komt en syn part urven hat, mar bewize kin ik it (noch) net. In oare boargemaster fan Hylpen n.l. Anne Clases kriget yn 1738 it part fan Hester oer. Fan 1748-1768 is de stân fan saken sa, dat yn it earstoan de widdo fan Timon Aukes en letter de erven ien tredde part fan de sate yn harren besit hawwe. It grutste part (2/3) is it eigendom fan boargemaster Anne Clases. Yn 1778 is der yn sa fier feroaring kommen, dat Tjeerd en Klaas Gerbens it part fan Anne Clases oerkrigen hawwe en yn 1788 is it lytste part (1/3) yn hannen kommen fan de erven fan Gerryt Wiggerts t.w. Timon Wiggerts. Trije eigeners binne der yn 1798 en wol Timon Wiggerts, Jelle Heyes en Minke Claeses. De lêste hat har part al gau oan Timon oerdien. Der is dus noch al wat feroaring fan eigeners en yn hoefier der famyljebannen tusken dizze minsken bestean, ha ik net neigien.Fan keapakten fernimt men net sa folle, allinnich is my bekend, dat in sekere Geale Ysbrands yn 1802 30 pm lân út dizze sate kocht hat. Yn 1887 wurde Tjebbe Sibbles Westendorp en Tjeerd Abbring Hingst as eigeners en Bernardus Fluitman as hierder fan dizze 30 pm neamd. As eigeners en hierders út de foarige ieu neam ik allinnich noch: 1828: Klaas Tjebbes, eigener; Dominicus Tolsma, hierder 1858: Itske Klases Tjebbes ( frou fan Simon Doedes Bruining) eigener: Willem Asma hierder. De sate is nei 1802 belytse ta 49 pm (18 ha) en yn 1963 besloech hy 20 ha. It tal melke kij skommele doe tusken de 25 en 30. De lêste eigener/bewenner Freek Dooper hat de pleats yn 1999 ferlitten. Alde saten IX en X troch W.T. Beetstra. ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |