Wa hat noch in Haak oan de muorre? |
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31
|
Yn it Genealogysk Jierboek 1999 (Fryske Akademy, Ljouwert 1999 side 95 o/m 110) hat de hear S. ten Hoeve (direkteur fan it Frysk Skipfeart Museum te Snits) in artikel skreaun oer de reizgjende portretskilder Johannes A. M. Haak (1831 - 1903).
Johannes Andries Martinus Haak wurdt op 27 febrewaris 1831 berne te Sutfen as soan fan Gerrit Jan Arnoldus Haak en Temmetje Noorman. Hy wurdt tekenlearaar en portrettist en wennet oant 1852 yn Sutfen, dan yn Amsterdam en dêrnei wer yn Sutfen. Op 5 maaie 1858 fêstiget Haak him as keunstskilder yn Snits, dêr't er op 30 maaie mei Sijke Tigchelaar (Makkum 22 desimber 1825 - Weins 5 desimber 1887) trout. Hja is de dochter fan Freerk Ymes Tigchelaar en Neeltje Gerbrands Bakker. Yn 1859 is er nei Frjentsjer tein. Nei de dea fan Sijke trout Johannes op en nij mei Johanna Petronella Kikkert. Op 22 maart 1903 stjert er te Weins (holl.: Wageningen). Pieter Jan Tichelaar út Makkum besocht yn ferbân mei genealogyske neispoarings yn Weins de widdo fan in pakesizzer fan de portrettist en trof yn har famyljepapieren syn wurkregister oan. It is in tige nijsgjirrich hânskrift, mei op it titelblêd it opskrift:
Lijst van Personen
door mij
geportretteerd: zijnde
die met , in waterverf
'' in pastel n in olieverf
en \\ in potlood geteekend
J.A.M Haak
It lytse skrift (15 x 10 sm.) hat 27 beskreaune siden. De skilder hat 730 nûmere portretten registrearre yn in kursyf hanskrift dat oant numer 609 (Mons. Vos Jun. te Heerenveen) regelmjittich is en mooglik fan in âld wurkregister oerskreaun. By de nei nûmer 609 registrearre portretten binne út en troch jiertallen set. It lêst neamde portret is fan 1902. Under de lêste portretten binne in soad famyljeleden fan de keunstner. De produksje fan Haak is nei syn ôfreis út Fryslân minder as foar en by syn ferbliuw yn FrysIân. Wy neame de wenplakken fan de troch him portrettearre persoanen yn de folchoarder, lykas hy dy sels yn syn register festlei: Sutfen, Brummen, Wilp, Warnsveld, Doesburch, Dieren, Ellekom, Arnhim, Amsterdam, Edam, Spaarndam, Ljouwert, Den Helder, Harns, Snits, Goaiïngea, Skearnegoutum, Boalsert, Warkum, Makkum, Hoarne, Balk, Nieuwer Amstel, Harich, Wikel, De Jouwer, It Hearrenfean, Rotterdam, Wâldsein, Frjentsjer, Feanendaal, Ede, Bennekom, Hemmen, Weins, Nieder Ingelheim, Rhenen, Saltbommel, Amerongen, De Haach, Br....., Nieuwland (?). Johannes Haak sinjearret net altiten syn portretten. Docht er dat wol, dan datearret hy se meastentiids en set hy der ek in nûmer op út syn wurkregister. De wurkstikken dy't er yn Fryslân makket, ûntsteane benammen tusken 1853 en 1861. De hear Tichelaar hat in kopy fan dat wurkregister beskikber steld oan it Iconografisch Bureau yn De Haach. Hjirnei publisearje wy in nammelistke fan de troch Haak yn Warkum om 1855 hinne portrettearre persoanen, yn de troch him festleine folchoarder. Yn Fryslân hat de portrettist twahûndert wurkstikken makke. De njoggentjen hjirnei neamde yn Warkum makke portretten binne allegear yn pastel: |
|
513. Mons. Meijer 514. Mej. Meijer 515. Mons. Stuur 516. Mej. Stuur 517. Mej. de Jong 518. Mons. de Jong 519. Mej. Gaastra 523. Mons. Kalverboer |
![]()
nr 515
Reinder Alberts Stuur (Harns 1822 - Warkum 1872)
fabrikant te Warkum.
Wêr't it portret nr. 516 fan syn frou
Geertje Alberts Potma (Warkum 1822 - Warkum 1888) is,
witte wy (noch) net.
|
524. Mej. Eerdmans 525. Mons. Gaastra 526. Mons. J.R. Visser 527. Mons. Robijn Kuipers 528. Mons. S. Visser 529. Mons. Gaastra Sen. 530. Mons. Mossel, Burgemeester 531. Mej. Kalverboer |
![]()
nr 529
Bauke Simons Gaastra (Warkum 1794 - Warkum 1865)
keapman te Warkum
|
dan giet Johannes Haak nei Makkum en makket dêr fiif portretten yn pastel, ûnderoaren ien fan syn (oansteande) skoanheit "Mons. F.Y. Tigchelaar" (535), en komt wer yn Warkum: 542. Mej. Steensma 543. Mons. Steensma 544. Mej. Tuininga Neffens meidieling van de hear S. ten Hoeve wurde de portretten faak kompleet mei in standerd list troch de skilder levere. De teare portretten yn pastel wurde troch glês beskerme tsjin de ynfloeden fan bûtenôf. Hoefolle fan de hjir opneamde portretten bewarre bleaun binne is ús net bekend. Wy hawwe der wol in pear opspoare kinnen. Dy fan Reinder Alberts Stuur (1822-1872) (515) en fan Kalverboer en syn frou (523 en 531). De portretten binne yn partikulier besit. Miskien binne der lêzers fan dizze thússide, dy't sels ek in portret fan Haak oan 'e muorre ha of witte fan it bestean fan sa'n portret. Wy soene it o sa op priis stelle, dat jimme dat oan ús troch jaan wolle. Der wurdt dan troch ús in foto fan makke, dy't yn it argyf fan Warkums Erfskip bewarre wurde sil. Faaks kin it yn de folgjende nijsbrief ôfprinte wurde. Op tongersdei 28 april 2005 hat de Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip in pastelportret fan Simon Baukes Gaastra (1794-1865) (529) krigen fan de famylje Gaastra út Switserlân! Mei tank oan de hear S. ten Hoeve dy't ús tastimming jûn hat syn artikel út it Genealogysk Jierboek 1999 oer te nimmen en wiist hat op it bestean fan de portretten fan Kalverboer en syn frou. Gerrit Twynstra |